Dit is in Nederlânsk - Fryske wurdlist. Klik hjirre foar in Westerlauwersk Frysk - Noardfryske wurdlist.
aamborstig - nearboarstich, dimpich, dampich
aamborstigheid - follens
aan - het is ~ jullie: it stiet oan jim
aanbod - ferskot
aanbouw - kleine ~: keboef, kombof
aandacht - omtinken; vol ~ luisteren: mei alle oandacht harkje, yn stive oandacht taharkje, opnimstich/diger harkje; de ~ vasthouden: yn 'e besnijing hâlde/ha; geen ~ krijgen: net teld wurde
aandachtig - opnimstich, diger
aandoen - iemand een proces ~: ien foar it rjocht bringe, ien ferkleie
aandringen - oanstean, oantrune, oanpoene; sterk bij iemand ~: ien nei de ljirre/lever tingje, ien faksearje/oansitte; sterk ~ op: degenje om
aandurven - zie wagen
aangenaam - tréwes, floatich; zie ook prettig
aangeschoten - sikkerich (beetje dronken)
aangeven - oanbringe; een pasgeboren kind op het gemeentehuis ~ - it wiif ferkleie
aangroeisel - ~ aan boten: skrab
aanhalig - floatich
aanklagen - ferkleie
aankoeken - ~ van sneeuw onder schoeisel: balje
aankomen - erop laten ~: derop stean litte; het komt erop aan: it giet derom; als het erop aankomt: as de skrinkel by de/it flym komt
aankomend - yn hope > syn skoandochter yn hope
aankunnen - interje, baas/mânsk/treast wêze, stean; ik kan dat karweitje wel aan: ik kin dat putsje wol ginne/risse, ik bin dat putsje wol treast, ik stean foar myn wurk, ik haw it yn streken
aanlegsteiger - steiger, steger
aanleiding - oanlieding > se soenen der alteast reden út nimme kinne om ...
aanmanen - zie manen
aannemelijk - dat klinkt ~: dat komt op 'e klink
aanpakken - tasette; poatoan; iemand stevig ~: ien hoffenje, ien omstean leare; van ~ weten: op 'en fjouweren beslein wêze
aanraken - oanreitsje, roere
aanranden - tenei komme/wêze, oantaaste, oanpakke
aanrander - weer waarbij aanranders aktief zijn: oanpakkerswaar
aansnijden - het eten ~: it lyk oantaaste (humor.); een brood ~: in bôle opsnije
aansporen - oantreastgje, oanpoene, oantrune, feugelje, fegelje; ~ tot werken: goarselje
aansteken - oanjeldzje (van vuur); een pijp ~: de brân deryn sette
aanstellerij - babbelegûchjes, fifelegûchjes, fifelefûferijen, fifelefazen, fizefazen; bekakte ~: kommensok, komkak
aantal - tal, oantal; een ~: in mannich, in mennich, in stikmannich/mennich, in tal, guon, in diel, in part; een groot ~ ...: in macht oan ...; in ~ toenemen: oanwinne, oanrigelje; het ~ kieviten neemt toe: de ljippestân wint oan
aantasten - oantaaste, skeine; door vuur aangetast: fjurrich > fjurrich hout
aantrekkelijk - hibbich/hebbich; ~ voor kopers: keapsjoch
aantrekken - oanlûke, neinimme; ~ van kleding: oanstrûpe, oandwaan; ik trek me er niets van aan: ik feroarje my der net om, ik wurd der net oars fan, ik wurd der oars noch oars fan; hij trok het zich heel erg aan: hy hie der och sa mei te dwaan, dat leit him hiel heech, dat sit him hiel djip.
aanvaardbaar - dat is niet ~: dat kin der net lâns, dat kin der net op troch, dat is derby troch
aanvegen - oanstrike > it bûthús oanstrike
aanwezigen - geachte ~: garren en harren
aanzien - nu ben je weer wat om aan te zien: no bist wer wat hibbich/hebbich; het weer laat zich goed ~: it waar jout him goed oan
aap - nu komt de ~ uit de mouw: o, wie dat de kiksaus, no komme de keallen út it hok, no komme de pipen út de sek, no komt de aap út 'e mouwe
aardappel - rjappel, jirpel, ierpel, earpel, ierdappel, eardappel; vergroeide: knoarhoanne; slappe verschrompelde ~: smûs
aardig - floatich; dat is niet ~ van je: dat stiet dy net sa moai; iemand niet ~ vinden: oan ien syn fuotstappen genôch ha, ien net lije kinne/meie, ien net snuven hearre kinne/meie, net mei ien kinne
aardigheid - voor de ~: om 'e niget
aartsconservatief - ~ persoon: domper
aarzelen - wette, wifkje, jin ferhâlde > no't dy safolle jild bean wurdt, moatst dy net ferhâlde
achteloos - sûnder eftertocht, sûnder erch
achter - ergens iets ~ zoeken: earne wat út tinke
achterbaks - njirrich
achterlopen (van klok) - efterlik gean
achterneef - zie neef
achternicht - zie nicht
achterste - zie kont
achtertuin - mijn achtertuintje: myn efterlik blikje
achteruit - ~ gaan: fertiigje, efterútbuorkje; het gaat ~ (lichamelijk of financieel): it kin net lykhâlde
actief - warber
activiteit - ~ beloont zichzelf: de geande foet wint
actualiteit - de ~: it wâljen fan 'e wrâld
adem - op ~ komen: op siken komme, jin ferhelje, útpûste; ~ tekort komend: dimpich
ademen - sykhelje, sykje, azemje
adopteren - oanhelje
af - ik kom maar niet van die diarree ~: it liifrinnen wol my net belitte; hy kan het niet met de mond ~: hy kin it net mei de mûle ôflizze; ~!: ham!
afbeelding - ôfmieling
afbladderen - zie bladderen
afblijven - blijf af!: ham!
afbrokkelen - ôfbroazelje, (van een gletscher:) kealje
afdrijven - ~ (van een bui): ôfjeie
afdruipen (fig.) - ôfdrosse
afdruk - ~ van iets (bijv. kledingstuk) in het lichaam: dane, daan
afgrond - ûngrûn; aan de ~ brengen: yn it ûnleech stoarte/fiere
afhandig - ~ maken: ûntlúzje, ûntfytmanje; geld ~ maken: ponglúzje
afhangen - ervan ~: deroan stean
afhankelijk - ôfhinklik; ~ van wie/wat/ ...: ûngelyk wa; ûngelyk wa't it freget
afkerig - ôfwearzich, wearzich, skoftich, fij, skouderich, bekstallich
afkeuren - ôfkarre; ~ van geleverde goederen: bekatsje
afleiding - ôflieding; ~ bieden: feravensearje
aflevering - de tweede ~ van het tijdschrift: de twadde jefte fan it tydskrift
aflopen - verkeerd kunnen ~: raar komme/bekaaie kinne; dan kan het wel eens raar ~: dan kin der wolris raar wat efterwei komme; het is onzeker hoe het zal ~: it hat syn útfallen
afmaken - zie doden
afmatten - zie afpeigeren
afnemen - ~ (van de maan): fersitte
afpeigeren - ~ door rondjachten: ferjitterje, ferjetterje
afranselen - ôftichelje, omseamje, neisjen
afrastering - freding, ôffreding; ~ met schrikdraad: batterijfreding
afreageren - zich ~: jin útwierje
afsnauwen - ôfsneuterje, ôfsnuterje
afspreken - ôfprate, opsprekke
afstammen - skaaie > hy skaait fan prinsen
afstammingsleer - skaaileare
afstand - ôfstân, distânsje, ein; een lange ~: gâns/risnabel in ein
afstapje - delstap
aftroggelen - geld ~: ponglúzje
afvoer - ~ van water: kylgoate, kylgroppe, kylgreppel
afwachten - we moeten het ~: it stiet noch yn it hûs, it hat syn útfallen
afwezig - absint (ook in de betekenis van verstrooid)
afwijzen - warsje; afgewezen worden bij examen/sollicitatie etc.: kitse; afgewezen worden in de liefde: in blauwe skine rinne, blau krije, in ôfskriuwer krije
afzetten - rûpelje
afzwakken - ferhimmelje (van bewering)
agent - ~ van politie: blaumich, blauwe mich
akelig - zie naar
al - zo sprak hij, ~ harkende: seid er klaujendewei; wat zei hij ook ~ weer?: wat seid er hast wer?, wat seid er mar wer?; daar heb je het ~: dêr is it al sa; ~ dente: rutergear
alcohol - zie drank
alcoholist - ~ zijn: jin oan drank misgean
algemeen - over het ~ genomen: yn allen
allemansvriend (hond) - floatige hûn
alles - van ~ en nog wat: lykfol watte
altijd - altyd, altiten, jimmer, jimmeroan, al syn dagen
alvleesklier - de koarte lape, fetlape, minneflatte
amandelontsteking - brún, brune
ammenooitniet - foar gjin hynder
anders - het is ~: it leit op in oar moer
andersom - ~ doen: oarsomje
antwoord - antwurd, andert; ~ geven: azem jaan, beskied jaan
apart - zie buitengewoon
argwaan - premoasje, premomsje
arm (bijv. nmw.) - earm, earmelytse
arm (zelfst. nmw.) - de ~ uit de kom: zie kom
armoede - earmoed; tot ~ vervallen: earmelytse wurde
armslag - weer wat financiële ~ hebben: hjir en dêr wer ris in klink oplichte kinne
arresteren - oanhâlde, oantaaste
as - gloeiende ~: gleonte; onder ~ bedekte hete kolen: berutsen fjoer
assortiment - ferskot
asymmetrisch - wankant(ich)
averecht - krom, krang; zie ook recht
avondeten - jimmet
avondeten - jimmet, oarmet
avontuur - aventoer, eksploat
baardaap - burdman, burdaap, boskbear
baarkleed - pelle
baarmoeder - liifmoer, limoer, skûlliif, lêch
baas - zie meerdere
bacterie - bacteriën: libben guod
badjas - sjammeloek
baksteen - kapotte of misvormde ~: brik
baliekluiver - brêgetraper
band - leren of metalen ~ om klomp: leaf > it leaf oer de klomp
banen - zich een weg ~: zie weg
bang - bang, benaud, eangstich; erg ~: spoekbenaud, deabenaud; ik ben ~ dat ...: ik ha soarch dat ...; ~ zijn: eangje; niet snel ~: net foar in bytsje bang; ergens niet ~ voor zijn: earne sa bang fan wêze as in krie/as de âlde roeken fan in sjamme; ~ zijn voor dieven: de dief oan 't gat ha; ~ worden: it jin oansjen
bankroet - rut, blut, blus, fallyt
baren - zie bevallen
barst - skuor; ~ langs het voegwerk van een muur: treding
bed - bêd; naar ~: op bêd, op 'e koai, te koai; naar ~ gaan: út 'e wei gean, frou Bedstra opsykje, efter it breiden broekje krûpe, nei de Bakkefeanster dunen gean
bedaard - zie rustig
bedaren - bedarje, betommelje
bedeling - zie bijstand
bedenken - zie verzinnen
bederven - het bedorven hebben: it raar ferspijd ha; het voor zichzelf bedorven hebben: jins eigen stâl ferbûke ha
bedisselen - benjeskje
bedlegerig - bêdridich
bedoeling - hij heeft er een geheime ~ mee: hy hat der in erchje by
bedonderen - ferevelje, oer de rêch strike (financieel)
bedrag - dofke, plôk
bedreigen - feil jaan
bedreiging - een ~ vormen voor iets: in ding feil jaan
bedreven - betûft, yn it sâlt bebiten; ~ zijn in: slach ha fan
bedriegen - zie bedonderen
bedrijf - klein ~ dat weinig werk meebrengt: kluorkerij
bedrijvigheid - wâljen
bedstede - achterste slaapplaats in de ~: weach; achterwand van de ~: weach
bedwingen - zie beheersen
beeldig - bylderich
been - raar op zijn benen staan: raar op syn lewant stean; weer op de ~ zijn: wer by de wurken wêze, wer op it aljemint wêze; weer op de ~ zijn en wat licht werk aankunnen: wimelje
begerig - graach > hy wie graach op/nei iten
begeven - hij begaf zich naar het kasteel: hy sette op it kastiel ta
beginnen - begjinne, úteinsette, oanfange, it stik oantaaste, losgean; er is geen ~ aan: der is gjin begjinnersein oan
begrafenismaal - leed
begrafenisstoet - in visioen voorziene ~: begangel
begrijpen - foar it begryp/oardiel krije; hij kan het niet ~: hy kin it net byinoar krije
behalve - behalven, as > it folk is omkaam, as de kaptein
behandelen - die dokter behandelt mij: dy dokter giet oer my
beheersen - bedimje, behearskje; zich ~: jin behearskje, jin betwinge, jin bedibberje, jin bedimje
behoefte - behoef, ferlet, bederf; geen ~ aan iemand hebben: oan ien syn fuotstappen genôch ha
behoren - naar ~: yn it folle
behoudend - zeer ~ persoon: domper
behuisd - klein ~ zijn: husearje
behulpzaam - tsjildich
bejaard - jeltich, jierrich > in pear moai jierrige minsken
bekendmaken: oer de streek bringe, buorkundich meitsje, op 'e skille ha
bekeuring - iemand een ~ geven: ien preses meitsje
bekijken - bekijk het maar: louloene
bekneld - knyld, yn 'e knipe
bekoelen - de verstandhouding is bekoeld: it is mei ús wol oergerze
bekomen - op siken komme, jin ferhelje
bekommeren - zich ~: ealgje
bekonkelen - bestekke
belangstelling - ~ voor: niget oan, sjenee foar
belasten - ergens mee belast zijn: ta wat stringenearre wêze
belasteren - iemand ~: ien de kroan op 'e kop sette; ien by it gat ophelje
beleefd - hoflik, fetsoenlik, manierlik
beleefd - fetsoenlik, hoflik > ~ blijven: jins fetsoen/ferstân hâlde; ~ zijn: jin stalle
belevenis - aventoer, eksploat
beloop - op z'n ~ laten: op 'e rongen slepe litte
beloven - belove, belôvje, ûnthite, tasizze, goedsizze, hite > se sei goed foar in miel, at se it net dienen, dan hiet it net bêst
belust - ~ op: graach op/nei > hy wie graach op lekker iten
bemerken - ealgje; zie ook opmerken
benaderen - oankomme, interje, benjonke; iemand vriendelijk, behoedzaam ~: ien op 'e lije side oankomme
beneden - kom naar ~!: kom ûnder!
benenwagen - billewein, skuonmakkersweintsje, arbeidershynder
bepaald - ~ iemand: zie iemand
bepalen - zo is het bepaald: dat stiet derta
beperken - bepealje, ynpealje
bereikbaar - goed ~: handich > dat doarpke leit dêr handich, sa oan 'e dyk
bereiken - gemakkelijk te ~: handich
berispen - zie vermanen
berisping - zie vermaning
beroep - berop, wurk, affearen
berucht - berucht, mâlferneamd, raar/skean/kwea/slim ferneamd
beschadigen - skansearje, taboeie; door vuur beschadigd: fjurrich
beschikbaar - feil; ~ voor seks: geil en feil
beschikking - ter ~: feil
beschuit - ~ met suiker: sûkerbak, poppebak
beschuldigen - beskuldigje, op 'e rêch skriuwe
beslag - in ~ nemen: naderje, eigenje
besluiteloos - ~ zijn: net witte oft je skite of mige moatte
besmettelijk - ~ zijn (van kleding e.d.): smoargje, smoarkje; ~ zijn (van ziekten): oanhingje, oanslaan, útsprute, oeraardzje > gryp wol gauris oeraardzje
besmetten - oanhingje, oanslaan, útsprute, oeraardzje
best - zijn ~ doen: flyt dwaan: de beste in zijn soort: (weareld-)brekker; mij ~: om my kin 't wol
bestaan - zij heeft dat ~: sy hat dat fertoand
bestaansminimum - bederf
besteden - besteegje, bestelle > dat is oan him net besteld
bestraffend - iemand ~ toespreken: op ien kibje
bestralen - bestraald moeten worden: foar de stralen moatte
bestrijdingsmiddel - ~ voor insecten: flit
betalen - betelje, útpûlkje, bosse; moeten ~:ta de bûse moatte; slecht ~: by de tomme heine, yn/op 'e jister hâlde
betekenen - betsjutte; te ~ hebben: ynhawwe > dat hat net folle yn, wat soe dat spul ynhawwe?
beter - na ziekte weer ~ zijn: klear wêze, wer by de wurken wêze, wer op it aljemint wêze; hij wordt al een beetje ~: de sykte jaget ôf, hy komt al wat by
beteugelen - yn de stokken krije, bedimje, delsette
betreffen - wat betreft de visserij: (de fiskerij) oanbelangjende (de fiskerij), wat de fiskerij oanbelanget, wat de fiskerij oangiet, op it stik fan 'e fiskerij; wat dat betreft: op dat stik (fan saken); betreft (boven een brief): ûnderwerp; wat dat betreft: fandat
betrekken (van de lucht): grymje, tichtsette, grûnje, berinne
betrouwbaar (van apparaten): grif
betweterig - wetich
beunhaas - sloaier
beurs - met gesloten ~: lyk op lyk
beurt - bar; een ~ geven: in wan jaan
beuzelen - fiterknotsje (zie ook verdoen)
bevallen (baren) - op it waarm bêd lizze, mei wêze/moatte, in wâldreis meitsje, bernje, yn 'e kream lizze; moeten ~: jongwiivje, yn 'e kream moatte
bevallen (aanstaan) - noaskje, foldwaan, oanstean, flije, wat talykje; dat bevalt Jan niet: dat binne boer Jan syn guozzen net
bevallig - kwier, kwikker (alleen vrouwen)
bevalling - kreamerij, kreambêd, waarm bêd; een zware ~ hebben: mei wêze; de ~ x dagen achter de rug hebben; x dagen âldkreams wêze
bevestigend - een bevestigende zin: in jahitende sin
bevestiging - ~ van een zeis aan de stok: ham
bewaarheiden - bewaarheid worden: neikomme, útkomme
bewaken - beweitsje, bekaadzje
bewaring - in verzekerde ~: yn bewar
bewegen - snel met de handen ~: tyskje; heen-en-weer ~ in de wind: tyskje; zich ~: ferwege; de bewegende delen (van een apparaat): it geande wurk/de geande wurken
beweging - beweging, beweech, ferweech (zie ook gebaar)
beweren - hij beweerde dat we het verkeerd deden: hy hold út/woe ha dat wy it ferkeard dienen, hy ornearre, wy dienen it ferkeard
bewerkstelligen - bewurkmasterje, beweare, bewarre, beoarderje, bewurkje > ús riedsleden ha safolle beward dat ús merke ôfskaft wurdt
bewolking - met verspreide ~: lappich > in lappige loft
bewusteloos - wei, út jins ferstân, bewusteleas, bûten westen, bûten wêzen
bewustzijn - bij zijn ~ blijven: by jins oardiel bliuwe
bezig - dwaande, beuzich; druk ~: sa beuzich as in holder/lyts baaske
bezit - schamel ~: bederf; haar hele ~: har hiele bederf
bezoek - ~ van vrijer aan zijn geliefde buiten de gestelde tijden: binnenbeurtsje
bezuinigen - soberearje
bezwaar - zonder ~: sachs, fergees
big - bigge, biggel; gecastreerde ~: bargebigge
bij - ~ Jan thuis: te Jannes, by Jannes; twee ~ twee: by twaen, linke twaen; goed ~ zijn: net ferrotte wêze
bijbaantje - foantsje, ynstruier
bijdehantje - snarre
bijeenzoeken - gearfandelje, gearswylje, telâne sykje
bijgebouw - klein ~: keboef, kombof
bijkomen - ik dacht dat ik niet meer bijkwam van het lachen: it ha my omtrint bedien; zie ook bekomen
bijna - ~ alle mensen: amper alle minsken
bijstand - bystân, bedieling, omdieling, de jûne byt
bijster - niet ~ slim: net botte/bjustere tûk, neat te tûk
bijverdienste - foantsje, ynstruier
bijzonder - niet ~: sa sûnders net
bil - broadsje, stút, zie ook kont
binddraad - siseltried
binden - gebonden soep: lomich/limich sop
binnenweg - opdyk
bit - mûlstik (van halster)
blad - geen ~ voor de mond nemen: gjin flij foar de mûle nimme
bladderen - (van verf) felje, bledderje, blierje; (zodanig dat vlekken ontstaan) fleare, flearje
bladstil - blak, blakstil
blaken - ~ van gezondheid: ankje
blaten - bletsje, bletterje, bloarje, balte, blaaie
blesseren - geblesseerd: blêsd
bleu - blea, bleu, skruten, skrutel, ferlegen, skrikkel
blik - loaits, eachweid(ing); iemand geen ~ waardig keuren: gjin each nei ien draaie
bliksem - wjerljocht; om de ~ niet: om 'e wet net
blindelings - blynseach
blinken - blinkend: glier
bloedzuiger - ierkloarker
bloei - in de ~ van zijn leven: yn de klink/fleur fan syn libben
blok - het ~ huizen: de streek; kantig ~: klibbe; een blokje spek: in klibke spek
blokkeren - tichtsette; de weg ~: it paad damje
bloot - ~ geschoren huid: bloat, bleat
blootstellen - blootgesteld zijn aan: bleat stean foar
blozen - in kaam krije, in kleur sjitte/sette/krije
blut - blut, rut, blus
bocht - omkromte; zich in rare bochten wringen: jin ferhâlde
bodem - boom, boaiem; een bodempje in de maag leggen (voor drank): in flierke yn 'e mage lizze; dubbele ~ (fig.): erchje > hy hat der in erchje by
boeiend - meinimmend
boeman - sjamme
boerenkool - moes
boete - zie bekeuring
bok - ~ van een boerenwagen: foarkret; gecastreerde ~: wear
bolster - een ruwe ~ met een blanke pit: in hurd man op in weak tsiis
bombarie - zie vertoon
bont - kjirremjirre > in kjirremjirre kopke mei puntsjes en rútsjes
boom - een groepje bomen: in tropke beammen
boomstronk - beamsears, stobbe
boord - ~ van een overhemd: opsetsel
boos - lilk, lulk, kribbekeurich, prot, noartlich, noartsk, kiezzich, brûkel; ~ kijken: sjen as in âld kwartsje; ~ maken: op stoom jeie, it lân op jeie
boosaardig - njirrich
bordeel - bordeel, stil/ferkeard hûs, knip, fûgelkouwe; geheim ~: hossebos
borgpen - ~ in een as: leaf > it leaf yn 'e as keart it tsjel; in een schaar e.d.: nearring, njirring
borst - met platte ~en: ynpannich; aan de ~ drinken: ninne
borstvoeding - tate, ninnen; ~ drinken: ninne
boterham - ~ op namiddag: jimmet, oarmet
bouwen - huis ~: húzje
bouwsteiger - steiger, batterij
bouwvallig - brekfallich, wankelmoedich
bovenlip - vooruitstekende ~: brealippe
bovenstaand - niisneamd
braadkuiken - panpyk
braaksel - koarre, spui, biggels
brand - in ~ vliegen: flam slaan; in ~ staan: yn flammen stean; door ~ beschadigd: fjurrich
branden - baarne, brâne, yn flammen stean; de kachel begint flink te branden: de kachel jout him ôf
breken - brekke, skuorre; ~ van een ei door een kuiken: hikje
brengen - het mooi kunnen ~: it moai (op syn fuotten) delsette kinne, it moai opsizze kinne
breuk - breuk; iemand aan een ~ opereren: ien fan 'e breuk snije
bril - lezen door een bril: brilje, brulje, brilkje, brulkje
brochure - blauboekje
broeierig - brodzich, soel, lumich
broekzak - (broeks)bûse, lotse
broer - ergens een broertje dood aan hebben: earne in broer oan ferlern ha
brommen - brimje, grânzgje, gnoarje
brooddronken - wyldseauwich
bruidstaart - hylkekoeke
brullen - brinzgje
brutale - de brutalen hebben de halve wereld: de ûnskeamele hat in tredde diel fan 'e wrâld
bubbelen - brobbelje, kraalje
bui - soms heeft ze zo'n schoonmaakbui: dat húshimmeljen komt har soms samar oan; erge regenbui: goate, goatte; er kwam een zware ~ opzetten: de see kaam oer it lân
buik - vlinders in de ~: wjirms yn 'e mage
buiten - naar ~: derút, ta de hûs út; van ~ Friesland: om utens wei
buitengewoon - bûtengewoan, bûtenwenstich, ûnfoech; iets buitengewoons: wat oars/mear as kom-al-den-dei
buitenmuur - zie muur
buitenspel - beskied
buitensporig - ûnfoech
bukken - jin dûke; gebukt staan: te bok stean, te near stean
buurt - daar in de ~: yn dy streek (qua plaats en tijd), dêrbyom
castreren - lobje > dêr hie ik him de knopen fan 'e jas; gecastreerde big: bargebigge; gecastreerde bok/ram: wear
cel - zie gevangenis
charmant - een charmante vrouw - in kein, kwier, kwikker frommes
chef - prinsepeal
cliché - mandewurd, mandetaal
colporteren - sutelje; hij colporteert: hy giet/is by de streek
compliment - opstekker, fear yn 't gat, fear yn 'e broek; een ~ geven: op it stuoltsje sette
compost - dwinge, dwingel, dwinger, dwingeguod, dwingerij
compromis - niet tot compromissen bereid: ûnferwrikber
conclusie - mijn ~ is: myn konklúzje/einsluten is
confectie - makkeklean
confectiezaak - makkekleanwinkel
conservatief - ~ persoon: domper
consternatie - zie opschudding
constipatie - ferstopping; een einde aan de ~ maken: iepen liif meitsje
contact - ~ leggen: kontakt knotsje, bannen knotsje; ~ hebben met: alliânsje ha mei, yn alliânsje wêze mei
contant - ~ geld: ree jild, jild op fingerseinen
contract - sater; zie ook overeenkomst
conversatie - geen stof van ~ meer hebben: gjin gagel mear ha, it praat út ha
corset - oerliif, ûlf, ulf, riuwliif
crime - kriensen