Op dizze side steane de neikommende taalsnipels. De measten binne yn de perioade 2002-2005 ferskynd yn de wykeinbylage fan it Frysk Deiblêd. Fan de koarte stikjes ûnder Ferskaat ha guon yn de Friesland Post stien.
Die nachstehenden Sprachkolumnen sind in der Periode 2001-2005 im Friesch Dagblad veröffentlicht worden. Von den Kurzbeiträgen unter Ferskaat ("Verschiedenes") sind welche im Friesland Post erschienen.
* Grien as blau
* Ik ha him sjoen rinnen
* Noardfrysk
* Naam dy mar leaver goed yn je op!
* 'Onmoeilijk' en 'net folle'
* Wat is it ûnderwerp?
* Taal as wiskunde
* In foarname wurdsoarte
* Al al?
* Gjirring
* Fersleine reek
* Spantsje, steltsje, pearke
* Hitende foarm
* Baskúl, weechskaal, waach
* De har-sykte
* In man, dy hite fan Durk
* Klam
* Stjirrebylden
* Skûlliif
* Rinne
* Oeger
* Moatte en sille
* Wytske, jong!
* De manier wêrop
* Fryslân meartalich?
* As en dan
* Famyljesaken
* De appelsop
* Skriuwendewei
* Tsjelreauwich
* In neske slommer
* Styl
* Lit it ús mar dwaan
* Sealtersk
* Wat is no krekt in hynder? En wat in dialekt?
* Wa is Janne Tryn
* Man en wiif is ien
* Ferskaat
* Links nei taalsnipels fan kollega's
----------
Grien as blau Henk Wolf Groter als of groter dan: de Hollanners sille wol nea ophâlde te sizzen dat it doch benammen it lêste heart te wêzen. Likegoed brûkt de grutte kliber beide fleurichop trochinoarhinne. En yn ús Westerlauwersk Frysk is dat fansels al net oars: grutter as en grutter dan binne beide poerbêst Folksfrysk, al is de noarm foar de skriuwtaal op it heden grutter as. Sa net, dat hat ek wol oars west; om 1900 gong grutter dan noch foar geefst. Dat jout ek mar oan hoe arbitrêr oft sa’n taalnoarm eins is. De wurdsjes dan, as, at, al, dat en of binne yn it Frysk likegoed in boarne fan betizing. De Afûk hat allegear kreaze regels betocht foar it gebrûk derfan, mar de trochhinne Fries hat dêr út noch yn gjin boadskip oan. Jan Popkema hat dêr yn it tydskrift Us Wurk (1979) in tige nijsgjirrich stik oer skreaun ûnder de titel As alle assen ien as wiene. Mar ta ús rûfeltsje lytse wurdsjes - men heart bygelyks: Ik wit net at er komt njonken Ik wit net of er komt en Ik wit net as er komt, al sille de measten wol skriuwe: Ik wit net oft er komt. Men heart: At it ien oere is, giet de skoalle út, mar ek: As it ien oere is, ... Men heart: Ik tink dat er komt, mar ek Ik tink at er komt. Allyksa: Is dit blau of grien? njonken Is dit blau as grien? En: Al kaam de paus op besite, ik gean no fuort njonken As kaam de paus ... En de betizing hat noch grutter west. Ut de 17e-ieuske sprekwurdgjirring fan Burmania komt: Dat de Hymel foel, soo wieren alle fouglen vinsen. No soenen wy fansels sizze: As de himel foel, dan wienen alle fûgels finzen of At de himel foel ... De betizing tusken al dy wurdsjes sil grif te krijen ha mei de oerienkomst yn foarm: se binne allegear ienwurdliddich en ha almeast it o-lûd fan hok. De útspraak mei it a-lûd fan dak komt ek wol foar. Neffens my is dat sels yn of it gefal, as dat gjin klam krijt: de útspraak ien af twa komt my alheel net nuver oan. Nijsgjirrich is benammen it wurdsje at. Der is al heel wat ôfskreaun oer wêr’t dat wurdsje weikomt. It kin wêze dat it út dat ûntstien is, krekt as yn de Skandinavyske talen, mar der wurdt ek wol útholden dat it komt fan ocht, in no útstoarne njonkenfoarm fan oft, dat alteast op skrift noch bestiet. De ch kin dêr maklik weilitten wurde, tink mar oan de gebrûklike útspraak Hy dot foar Hy docht. Wat oars: by lytse bern kin men troch dy grimelgrammel fan wurdsjes, nijsgjirrige flaters obstrewearje at se Hollânsk prate wolle. Kunde fan my kaam mei it foarbyld: Ik weet niet als zij komt. En útspraken lykas Is dat groen als blauw? en Ik weet niet wie als dat er komen kin men fan Friezen ek wol heare. ---------- Ik ha him sjoen rinnen Henk Wolf Elkenien wit wol dat de jeugd langer raar yn ‘e tiidwurden omslacht. Of jeugd? Sels tritigers bekweadigje har njonkelytsen oan sinnen lykas Is dat de jas dy’tsto juster hast kocht? en Wêr soest dat kinne keapje? It is net sa dat sokken inkeld mar de folchoarder fan de tiidwurden omdraaie. Se feroarje soms ek de foarm fan it wurd. Sa sille se ynstee fan Ik hie dat wol dwaan wold nea sizze: Ik hie dat wol wold dwaan. Se sille derfan meitsje: Ik hie dat wol wolle dwaan, dus mei wolle ynstee fan wold. Dat is fansels heel nuver, omdat wolle by it helptiidwurd hie heart. En dat soarget derfoar dat it haadttiidwurd in ôfslutend mulwurd (‘voltooid deelwoord’) is. Sjoch mar nei: Ik hie in kassettebantsje kocht en net: *Ik hie in kassettebantsje keapje. At it haadttiidwurd sels ek wer helptiidwurd is fan in oar haadtiidwurd en at it dêr ek nochris lofts fan stiet, lykas yn Ik hie dat wol wolle dwaan, dan feroaret it lykwols fan in ôfslutend mulwurd yn in nammefoarm (‘ynfinityf’, ‘onbepaalde wijs’). Dat bart yn it Hollânsk ek: Ik had dat wel willen doen en net: *Ik had dat wel gewild doen. Taalkundigen neame dat ferskynsel IPP, in ôfkoarting fan Infintivus Pro Participio (‘nammefoarm ynstee fan mulwurd’). Yn it moderne Frysk komme ek wol sinnen foar dy’t wol de Hollânske tiidwurdfolchoarder ha, mar gjin IPP. Dy binne lykwols allinnich mooglik mei de tiidwurden sjoen en bleaun. Dus: Se is dêr bleaun stean wurdt wol brûkt, mar Ik ha him heard sjongen net. Dat wurdt: Ik ha him hearre sjongen. Wêrom wol de mulwurden sjoen en bleaun, mar net it mulwurd heard? Ik tink dat dat mei de foarm te krijen hat. Sjoen en bleaun ha net in -t oan ‘e ein en lykje dêrtroch in soad op nammefoarmen, lykas sjen, stean en slaan. Yn sokke gefallen is IPP yn de Hollânske folchoarder satliket net ferplichte. No binne taalkundigen op ‘e siik nei taalregels dy’t minsken by de berte al kinne en dy’t dus yn alle talen foarkomme moatte. Guon taalkundigen ha wol tocht dat der in regel is dy’t seit: as de tiidwurden yn de ‘Hollânske’ folchoarder steane, is IPP ferplichte. It moderne Frysk lit sjen dat dat net sa is. Myn idee is dat dy regel der justjes oars útsjocht: yn de Hollânske tiidwurdfolchoarder is IPP ferplichte AS IT TIIDWURD DERÚT SJEN SOE AS IN ÔFSLUTEND MULWURD. Stipe foar dat idee komt út in Flaamsk dialekt. Dat foarmet mulwurden troch ge- foar de stam te setten, krekt as yn it Hollânsk. Dat ge- is yn dat dialekt it meast karakteristyk foar mulwurden. Yn dat dialekt kin men sizze: Hy is weest vissen, mar net: *Hy is geweest vissen. It dialekt hat gjin wurd wezen, mar wol dit wurdsje weest dat gjin ge- hat, dus net op in ôfslutend mulwurd liket, en dus gewoan brûkt wurde kin at it lofts stiet fan it haadtiidwurd dêr’t it helptiidwurd fan is. ---------- Noardfrysk Henk Wolf In skoftsje lyn haw ik in kursus yn ús (Westerlauwersk) Frysk jûn oan de universiteit fan Flensburg. De measte dielnimmers koenen al Noardfrysk, dat praat wurdt yn Noard-Fryslân, oan de westkust fan Sleeswyk-Holstein. Nei ôfrin koenen se har mei ús Frysk frij aardich rêde. De studinten dy't gjin Noardfrysk koenen, hienen der lykwols folle mear muoite mei. Dat is ek net sa nuver. As it Noardfrysk al tûzen jier in eigen ûntwikkeling trochmakke hat, it liket doch noch in hiel soad op ús Frysk. In Noardfries dy't wat fan dy ûntjouwing wit, hat dan al in hiel soad oanknopingspunten om ús Frysk te begripen. In pear foarbylden: yn it Mooringer Frysk, it grutste Noardfryske dialekt, wurdt it wurd foar fisk útsprutsen as fasj. Dêr binne twa ûntwikkelingen yn te sjen: earst, de âlde i of y is faak feroare yn in a; twad, de âlde sk is feroare yn sj. It wurd foar Frysk is dêr dan ek ... yndied: Frasj. Yn sjalle (sille) is itselde bard, mar dêr hat ús Frysk de k weitôge. Yn de foaroarlochske stavering scille wurdt dy noch wol oanjûn. Noch in foarbyld: it âlde and oan 'e ein fan in wurd is yn ús Frysk ân wurden en yn it Mooringer Noardfrysk unj. Sa binne pearen ûntstien, lykas: lân/lunj, strân/strunj, hân/hunj, pân/punj. In oare regelmjittige oerienkomst sjogge wy yn: hûn/hun, hûs/hus en fûn/fun. En wer in oarenien yn goed/gudj, floed/fludj en bloed/bludj. Ferskillen binne der fansels ek. Yn in protte gefallen binne dy ûntstien trochdat it Frysk eigen wurden ferfongen hat troch lienwurden út oare talen. Yn it gefal fan it Noardfrysk binne dat faak wurden út it Sønderjysk, it Deenske dialekt dat yn dielen fan Noard-Fryslân praat wurdt. Foarbylden binne ai (net), boge (wenje), wanlik (freonlik) en dreng (jonge). Dútske lienwurden binne der ek: oning (idee), flicht (miskien), billy (goedkeap). Soms hat it Noardfrysk ek âlde wurden bewarre, dy't ús Frysk net mear hat, lykas niinj (gjin), eefter (nei) en hood (holle). In lytse oefening. Ik jou gjin antwurden, oan 'e hân fan boppesteande oanwizingen moatte jo it ûndersteande fragmint lêze kinne. Foar it gemak haw ik it Noardfrysk yn ús stavering werjûn ---------- Naam dy mar leaver goed yn je op Henk Wolf It Frysk en it Hollânsk ha wat bysûnders, dat ta noch ta nearne beskreaun is. Yn beskate gefallen ha dy talen nammentlik in hitende foarm (ymperatyf) yn ‘e doetiid. Twa foarbylden: (1) Dy deis wiisde master de Grinzer stasjons op ‘e kaart oan. Naam dy mar leaver goed yn je op, want by sokke stikken koenen je der donder op sizze dat je de oare deis in toets krigen. (2) Als er dan van die donderkoppen aan de lucht kwamen, hoedde je dan maar, dan was er storm op til. At men de hitende sin brûkt yn in ferhaaltsje dat yn it ferline spilet en at er in warskôging, oanrikkemendaasje, oantrún of goerie útdrukt, dan kin sa’n hitende sin yn ‘e doetiid stean. Mei in befel wol it net: (3) *Romme dyn keamer op! (4) *Scheerde je weg! It stjirke jout oan dat sin 3 en 4 der net op troch kinne. De wurdsjes mar leaver en dan maar wize der ek op dat sin 1 en 2 net as befel bedoeld binne. Sokke wurdsjes wurde ornaris brûkt om oan te jaan dat in hitende sin net as befel bedoeld is. Ferlykje it gebiedende Ga! mei in sintsje as Ga maar liever of Ga dan maar! Wy neame sokke wurdsjes dy’t de ynterpretaasje fan in sin útmeitsje ‘modale partikels’. Sin 1 en 2 lykje op it earste each in heel soad op sinnen lykas 5 en 6: (5) Hie dat dan doch ek wat flugger dien! (6) Was dan ook niet zo lang blijven hangen! Sokke sinnen steane wol yn de Algemene Nederlandse Spraakkunst (ANS), it grutte grammatikaboek fan it Hollânsk. Se ferskille lykwols op twa belangrike punten fan sin 1 en 2: Punt 1: Sin 5 en 6 binne nei de betsjutting gjin hitende sinnen, mar saneamde ‘yrrealis-sinnen’; de sprekker sjocht út it hjir en no werom op it ferline en sprekt út hoe’t saken yn dat ferline einliks oars ferrinne moatten hienen. Sin 1 en 2 drukke in oantrún, warskôging of sokssawat út en binne dus wol hitende sinnen. Punt 2: At men sin 5 en 6 yn de notiid set, is de yrrealislêzing net mear mooglik. De sinnen wurde dêrtroch net mear te ynterpretearjen en kinne der net op troch. Sin 1 en 2 kinne lykwols sachs yn ‘e notiid set wurde. Ferlykje sin 7/8 mei 9/10: (7) Neem ze maar liever goed in je op! (8) Hoed je dan maar! (9) *Ha dat dan doch ek wat flugger dien! (10) *Wees dan ook niet zo lang blijven hangen! Lykas sein, oant no ta hat noch net ien der yn in grammatika fan it Frysk of it Hollânsk op wiisd dat doetiidsymperativen besteane. Wol binne der taalkundigen dy’t útholden ha dat hitende foarmen gjin grammatikale tiid ha. Dêr binne hele teoryen oan ophongen om wurdfolchoarders yn Hollânske sinnen te ferklearjen. Dy moatte no fansels ris goed op ‘e nij besjoen wurde. ---------- ‘Onmoeilijk’ en ‘net folle’ Henk Wolf Kollega Eric Hoekstra, dy’t ek geregeldwei stikjes yn dizze rubryk skriuwt, wiisde my okkerdeis op in grappige obstrewaasje; by pearen antonimen (wurden mei in tsjinoerstelde betsjutting) komt it soms foar dat yn in taal ien fan beide foarmen net bestiet of mar allinnich mei frijwat lijen útdrukt wurde kin. In foarbyld. It Hollânsk hat de moaie tsjinstelling tusken makkelijk en moeilijk. No hat it Frysk wol maklik, mar in echte wjergader fan moeilijk mankearret. Soms kin men dreech brûke, soms slim of lestich, mar fakernôch moatte wy ús behelpe mei net maklik. It is dêrom ek net sa nuver dat lju dy’t de gevens fan har taal net al te wichtich fine, gauris in maklik ûntwyk sykje yn it lienwurd moeilik. Grappich is dat it Russysk wat dat oangiet krekt oarsom is as it Frysk. It wurd trûdno drukt wol sawat itselde út as it Hollânske moeilijk, mar foar makkelijk brûke de Russen meastentiids njetrûdno - letterlik: niet-moeilijk, onmoeilijk. Soks dogge wy fansels ek by wurden sûnder dúdlik tsjinoerstelde, lykas yn ûnaardich of yn it Hollânsk oninteressant. No, tocht Eric, dat ûnderskied tusken it Frysk en it Russysk moat hast wol wat oer it folksaard sizze. Friezen nimme it har ta eare dat se har saken sûnder kleien dien meitsje. Om te sizzen dat in put moeilijk is, soe net strike mei it Fryske folksaard, dat sadwaande soe in wurd dêrfoar net oerlibbe ha. Oarsom soenen de Russen oeral swier oan tille, leaver lui as wurch wêze, en dus graach fan wat sizze dat it trûdno is. At it dan al tafalt, dan moat it noch net te entûsjast en komt de Rus op syn heechst mei: nje trûdno (‘niet moeilijk’), dêr’t dan wer it wurd njetrûdno út ûntstien is. In moaie teory fansels, mar it sil altyd wol in spekulaasje bliuwe wat derfan oan is. Oer in oar pear antonimen yn it Frysk is lykwols wol mei wissichheid wat te sizzen. Ik bedoel dan de oersetting fan it Hollânske veel-weinig. Beide wurden hat it Frysk gjin oersetting foar: weinig geld wurdt in bytsje jild of net folle jild. Foar te weinig geld moatte wy te min jild of net genôch jild brûke. Veel geld wurdt in protte/soad/bulte jild en sokke dinge mear, wylst te veel geld yn it Frysk te folle jild is. It Noardfrysk hat wol wurden dy’t oerienkomme mei veel en weinig. Yn it Mooringer dialekt binne Hi heet foole giilj en Hi heet lait giilj goeie oersettingen fan de Hollânske sinnen. Dat is tagelyk de âlde sitewaasje yn ús Westerlauwersk Frysk. Dat hie yn ‘e njoggentjinde ieu ek noch gewoan de wurden folle en lyts foar veel en weinig. It hat derfan dat de Friezen dy wurden yndied stoefernôch fûnen en útwykten nei omskriuwingen, mei as gefolch dat folle inkeld noch mei te of in neehiting brûkt wurde kin en lyts yn ‘e betsjutting net folle helendal ferdwûn is. Dêrtroch sitte wy no mei in tige ‘ûnmaklik’ systeem oantangele. ---------- Wat is it ûnderwerp? Henk Wolf Op skoalle ha wy it allegear sa moai leard: in sin hat in ûnderwerp en in tiidwurd dat dêr yn slachte en getal mei oerienkomt - de persoansfoarm. Soms is de wierheid lykwols wat minder ienfâldich. Nim de neikommende sinnen: (1a) Ik leau dat Jan grutter is as Pyt. (1b) Ik leau dat Jan grutter as Pyt is. Sin 1a is sa ienfâldich as wat; is is de persoansfoarm, mei Jan as ûnderwerp. No sin 1b, hoe sit it dêre? It is net te sjen oft Jan as Pyt de foarm fan it tiidwurd útmakket, mei’t se beide yn ‘e tredde persoan iental steane. Lit ús dêrom yn de boppesteande sinnen in oar persoanlik foarnamwurd nimme, lykas jim. (2a) Ik leau dat Jan grutter is as jim. (2b) Ik leau dat Jan grutter as jim is. No, yn 2b ferskynt de tiidwurdfoarm is en net binne, dat it liket derop Jan it ûnderwerp is. No besykje wy it lykwols nochris mei in oar persoanlik foarnamwurd, nammentlik do. (3a) Ik leau dat Jan grutter is as do. (3b) *Ik leau dat Jan grutter as do is. (3c) *Ik leau dat Jan grutter as do bist. De stjirkes jouwe oan dat 3b en 3c der net op troch kinne. Dat is nuver. Wy soenen ferwachtsje dat 3b goed is as Jan it ûnderwerp is. Dat is lykwols net sa. Is do dan soms it ûnderwerp? Nee, ek net, want dan soe 3c goed wêze moatte. In stapke nei de oplossing ta fine wy yn de sintsjes yn 4a en 4b. (4a) Ik leau dat Jan grutter is as dy. (4b) Ik leau dat Jan grutter as dy is. Yn sokke ferlikingen as dizze sintsjes binne, kin men kieze tusken de ûnderwerpsfoarm (1e namfal, nominatyf) en de foarwerpsfoarm (4e namfal, akkusatyf). Sadwaande kin men de sinnen yn 3a en 4 beide wol heare. No is it fansels wol sa dat in foarwerpsfoarm nea it ûnderwerp fan in sin wêze kin, tink mar oan de ûnmooglikheid fan Him rint of My itensiedt. Ik tink dat ferlikingen lykas de a-sinnen de grammatika dy’t wy yn ‘e holle ha wat yn ‘e tiis bringe. Dy wit dan net krekt wat it ûnderwerp is. At er twa ûnderwerpsfoarmen sjocht en de persoansfoarm komt yn slachte en getal mei ien fan beide net oerien, dan jout er oan ús taalgefoel troch dat de sin der net op troch kin. Sin 1b is dan ek goed, om’t is by Jan, sawol as Pyt past. De sinnen 3b en 3c wurde net goedfûn, om’t de persoansfoarm net oerienkomt mei ien fan beide mooglike ûnderwerpen. Sin 4b is net in probleem trochdat dy in foarwerpsfoarm is en dus net in mooglik ûnderwerp. Jim yn 2b is wol wer in mooglike ûnderwerpsfoarm, mar ús ynterne grammatika hat de frijheid om dat wurd as foarwerpsfoarm te ynterpretearjen. Yn dat gefal jildt itselde as by 4b en wurdt de sin dus as goed beskôge. --------- Taal as wiskunde Henk Wolf De begripen ‘alle’, ‘guon’ en ‘net ‘ hite yn de taalkunde wol kwantifisearders. Der binne in mannich wurden dêr’t kwantifisearders yn ferburgen sitte. Sa kin men foar ‘elkenien’ ek ‘alle minsken’ sizze, foar ‘earne’ ek ‘op guon plakken’ en foar ‘nea’ ek ‘op net ien momint’. Sinnen mei (al as net ferburgen) kwantifisearders lykje op rekkensommen. Nim in sin lykas 1. (1) Elkenien seit dat net ien neat bydroegen hat. It duorret eefkes foardat je ‘útrekkene’ ha wat dy sin krekt betsjut. Je kinne de betsjutting útplúzje troch earst de kwantifisearders op te spoaren en dy fan lofts nei rjochts yn sintsjes op te skriuwen: A. alle minsken moatte wat sizze, nammentlik wat yn B stiet; B. der is net ien minske te finen dêr’t foar jildt wat yn C stiet; C. der is net ien ding te finen dat dyselde bydroegen hat. Om te witten oft A wier is, moatte je earst sjen oft B wier is en dat witte je pas as je sjoen ha oft C wier is. Yn de measte talen wurket sok útslachtsjen fan lofts nei rjochts. Taal liket prachtich regelmjittich. Mar it Frysk soe it Frysk net wêze at it net in pear gefallen hie dy’t streekrjocht tsjin dat logyske systeem yn geane. In bekend foarbyld is de dûbelde ûntkenning. (2) Pyt hie nearne gjin erch yn. Sin 2 kin men fan lofts nei rjochts útskriuwe: A. der is net in ding te finen dêr’t foar jildt wat yn B stiet; B. it is net sa dat Pyt der erch yn hie. De sin hat dus logysk sjoen deselde betsjutting as ‘Pyt hie oeral erch yn’. Mar fakernôch brûke wy dy sin mei de betsjutting ‘Pyt hie nearne erch yn’. Wat soartgelikens jildt foar sinnen lykas 3. (3) Elkenien is gjin fakman. Sa’n sin betsjut neffens de ‘taalwiskunde’ dat faklju net besteane. Dat kin dy sin ek wol útdrukke, mar meastal sille wy him ynterpretearje as ‘Der binne wol faklju, mar net elkenien heart ta dy kategory’. Dat lêste jildt dan meastal foar de oansprutsen persoan, dy’t wat ferkeard dien hat. En it Frysk hat mear dwersichheden. Besjoch sin 4 ris. (4) Nijpels hat altyd gjin ferlet fan sjoernalisten om him hinne. Dy sin kinne je ‘wiskundich’ ûntlede: A. op alle mominten jildt wat yn B stiet; B. der is net ien sjoernalist te finen dêr’t Nijpels ferlet fan hat. De sin komt neffens dy ûntleding op itselde del as ‘Nijpels hat nea ferlet fan sjoernalisten om him hinne’. Mar wy sille de sin meastal begripe as ‘Nijpels hat soms wol ferlet fan sjoernalisten om him hinne, mar net altyd’. Ien fan de earste dingen dy’t studinten taalwittenskip leare, is dat taal gjin wiskunde is. Soms hat it der lykwols in soad fan en guon boekjeskriuwers lykje soks ek stomme graach te wollen; de literatuer stiet fol mei skerpe feroardielingen fan ‘ûnlogyske’ sinnen. Dan is it wol moai dat de folkstaal tsjin alle skoalmasterjen yn sjen lit dat minsken gjin kompjûters binne. ---------- In foarname wurdsoarte Henk Wolf Wurden binne der yn soarten. Guon wurden ferwize nei wat konkreets, lykas ‘tillefoan’, ‘oranje’of ‘springe’. Oare wurden ha in wat minder konkrete betsjutting: by ‘ûnder’, ‘de’ en ‘sille’ is men al gâns in ferhaal fanneden om by benadering út te lizzen wêr’t se nei ferwize. Noch wer oare wurden ferwize nearne nei. It wurdsje ‘dat’ yn ‘Ik fertelde dat ik yn Ljouwert wenne’ hat gjin betsjutting, mar de regels fan ús taal sizze dat wy it brûke moatte om op ‘e krekte manier in haadsin en in bysin oaninoar fêst te keppeljen. Dat oare talen it skoan sûnder dy oerstallige ballêst rêde, is dan ek net sa nuver. It Ingelsk hat bygelyks: ‘I told I lived in Ljouwert’. Dan is der noch in tredde skift fan wurden, nammentlik sokke dy’t gjin eigen betsjutting ha, mar de betsjutting fan ien as mear oare wurden oernimme. Nim de neikommende sin: ‘Rintsje Ritsma fertelde dat Rintsje Ritsma Rintsje Ritsma by it skearen snijd hie.’ Nochal muoisum, net? Dan is it al moai dat de koarte wurdsjes ‘er’ en ‘him’ besteane: ‘Rintsje Ritsma fertelde dat er him by it skearen snijd hie.’ Sokke wurdsjes hite yn it Frysk ‘foarnamwurden’ en yn it Hollânsk ‘voornaamwoorden’: se steane ‘voor’ ‘naamwoorden’ (zelfstandige, bijvoeglijke) yn it plak en nimme de betsjutting dêrfan oer. Dus: ‘er’ en ‘him’ ferwize yn ‘e boppesteande sin beide nei dy blonde Lemster dy’t sa hurd ride kin. Hokker foarnamwurd oft it plak fan in ‘naamwoord’ ynnimme kin, hinget ôf fan it plak yn de sin. Ferlykje dizze twa Hollânske sinnen mar ris: ‘Rintsje Ritsma had zichzelf op televisie gezien’ en ‘Rintsje Ritsma vertelde dat zijn broer hem om televisie had gezien’. Yn de earste sin stiet ‘zichzelf’ voor ‘Rintsje Ritsma’ yn it plak, yn de twadde sin jildt itselde foar ‘hem’. Litte wy de beide foarnamwurden plakferruilje, dan krije se in oare betsjutting. Besykje it mar ris. Hoe’t wy witte hokker betsjutting oft in foarnamwurd krijt, hat heel lang ien fan de belangrykste fragen yn de taalkunde west. No binne foarnamwurden moai wis ûntstien om it ús by it praten makliker te meitsjen. It is dêrom einliks wat nuver dat wy geregeldwei skynber oerstallige foarnamwurden brûke. Tink mar oan ‘De útfiner fan it falium dy moasten se hillich ferklearje.’ Dat wurdsje ‘dy’ kin wol fuort, mar jou se de kost dy’t it sa sizze! Us sprektaal hat noch nuverder fiten. ‘Binne dat de suertsjes dy’tsto seidest datsto se kocht hiest?’ is miskien net in moaie sin, mar men kin sokke útspraken rûnom hearre. De sin sit fol mei folslein oerstallige wurden: ‘de suertsjes’, ‘dy’ en ‘se’ ferwize alle trije nei deselde plakkerige lekkernijen. De Ingelsman kin skoan sûnder de ballêst fan twa foarnamwurden: ‘Are those the sweets you said you’d bought?’ Om jim no net yn ‘e waan te litten dat it Ingelsk safolle praktysker is as it Frysk, ien moai tsjinfoarbyld. ‘Do you think so?’ mei twa foarnamwurden, kin by ús mei nul: ‘Tinkst?’ ---------- Al al? Henk Wolf Ik ha it earder skreaun: taal is gjin wiskunde. ‘Der sitte hjir nearne gjin mûzen’ mei dan logysk besjoen betsjutte dat oeral mûzen sitte, de grutte kliber sil dy sin ynterpretearje as dat der nearne mûzen sitte. Neffens de logika soenen beskate sinnen goed wêze moatte, wylst se foar ús taalgefoel gewoan net doge. It liket derop dat ús taalgefoel fral muoite hat mei in njonkeninoar foarkommen fan wurden dy’t gelikens hearre. In pear nijsgjirrige foarbylden: Meastal kinne wy as tsjinstelling fan ‘net’, frij kieze út de wurdsjes ‘wol’ en ‘al’. Sjoch mar nei: ‘Komt er al/wol of komt er net?’ Beide wurdsjes kinne ek prima njonken in bywurd fan tiid stean, bygelyks ‘noch’: ‘Juster siet er om tsien oere net mear oan ‘e kofje, mar hjoed noch al/wol’. Der is lykwols noch in oar wurdsje ‘al’, in bywurd fan tiid, dat yn it Dútsk mei ‘schon’ en yn it Ingelsk mei ‘already’ oerset wurdt. Dat wurdsje ‘al’ kin prima njonken ‘wol’ ferskine, mar net njonken it synonime ‘al’. Sjoch mar nei: ‘Fan ‘e moarn hied er de krante noch net sjoen, mar no al wol/*al.’ It stjirke jout oan dat de lêste mooglikheid der foar ús taalgefoel net op troch kin. It liket derop dat ús taalgefoel dy twa gelikense wurdsjes ‘al’ net njonkeninoar ha wol, al mankearret der logysk sjoen neat oan de sin. Noch in foarbyld. Foarnamwurden lykas ‘hjir’, ‘dêr’ en ‘der’ kin it plak ynnimme fan in bywurdlike bepaling fan plak.. Nim in sin lykas: ‘Jelly fertelde dat se der har hele libben al wennet’. ‘Der’ kin hjir bygelyks stean foar ‘yn Dokkum’. Der is noch in oar wurdsje ‘der’. Dat hat gjin betsjutting, mar it stiet faak foaroan yn de sin at it ûnderwerp mei ‘in’ of ‘gjin’ begjint, lykas yn de sin: ‘Der wennet in reus yn Dokkum’. Yn in bysin ha wy datselde ‘der’ ek nedich: ‘Ik fertel dat der in reus yn Dokkum wennet’. No soe der logyskerwize neat op tsjin wêze om ‘yn Dokkum’ troch in foarnamwurd te ferfangen. Mei ‘hjir’ en ‘dêr’ giet dat prima, mar ‘der’ mei net njonken it oare ‘der’ stean: ‘Sybren seit dat der dêr/hjir/*der in reus wennet’. Wat hjir wol wer mooglik is, is om ien wurdsje ‘der’ beide funksjes mei te jaan. ‘Kinsto de stêd Dokkum? Sybren seit dat der in reus wennet’ is poerbêst Frysk, al mankearret der logysk sjoen ien wurdsje ‘der’. In lêste foarbyld, diskear yn it Hollânsk. It wurdsje ‘of’ kin itselde útdrukke as it Dútske ‘oder’, lykas yn: ‘Wil je dat ik ga of dat ik blijf?’ It kin ek in haadsin mei in bysin ferbine: ‘Ik weet niet of ik blijf’. Besykje wy beide wurdsjes njonkeninoar te setten, dan krije wy in rare sin: ‘*Ik weet niet of ik ga of of ik blijf’. Yn dat gefal kiest ús taalgefoel wer in oare útwei, nammentlik it ferfangen fan it twadde ‘of’ troch ‘dat’: ‘Ik weet niet of ik ga of dat ik blijf.’ ---------- Gjirring Henk Wolf Us mem brûkt geregeldwei it wurd ‘gjirring’ yn de betsjutting fan it Dútske ‘Sammlung’ of it Hollânske ‘verzameling’. Sa praat se bygelyks wol fan in ‘postsegelgjirring’ of in ‘gjirring boeken’. De measte Friezen sille foar ‘t neist it wurd ‘(fer)sam(e)ling’ yn dy betsjutting brûke. It wurd ‘gjirring’ komt net yn de hânwurdboeken fan de Fryske Akademy foar. En it mânske Wurdboek fan de Fryske Taal kin it allikemin. Doe’t ik dat gewaar waard, krige it wurd my yn ‘e besnijing en ha ik in lytse speurtocht ynset. Alderearst soe ‘gjirring’ fansels ek stavere wurde kinne as ‘gierring’. Dy stavering soe betsjutte dat it wurd ôflaat is fan in stam ‘gier’ mei de ie-klank fan ‘bier’. Yn dy stavering stie it lykwols ek net yn de wurdboeken. Wat wol bestiet, is it wurd ‘garje’, dat ‘sammelje’ betsjut. It is besibbe oan it Hollânske ‘vergaren’ en ‘vergaderen’. ‘Garje’ hat neffens it wurdboek in njonkenfoarm ‘gearje’ (útsprutsen as ‘gjerje’). At je fan dat tiidwurd in ôflieding op -ing meitsje, krije je de foarm ‘gearring’ (útsprutsen as ‘gjerring’). Dat liket al in heel soad op ús ‘gjirring’. No is ús mem in hikke en teine Dongeradeelster en de lju yn dy streken ha yndied in mannich wurden mei in ji-klank, dêr’t de rest fan Fryslân in je- of in e-klank hat. Sa is it meartal fan ‘beam’ yn de noardeasthoeke ‘bjimmen’. Fierders wiisde in kollega my op in ferlykber gefal: it neist inoar foarkommen fan ‘nearring’ en ‘njirring’ (it neieltsje dêr’t beide helten fan in skjirre mei oaninoar fêst sitte). De ûntwikkeling liket no frij dúdlik: de Aldfryske stam ‘gara’ hat yn guon streken in ferkoarte tiidwurdfoarm ‘garje’ krigen. Yn oare streken hat de stam de normale lûdwiksel aa -> ea trochmakke, dy’t wy ek sjogge yn beaken (út ‘baken’), keal (út ‘kaal’) en gâns oare wurden. De stam ‘gear’ kinne wy fansels noch yn allegear wurden, lykas ‘gearsit’, ‘gearfalle’ ensfh. Yn ôfliedingen waard de ea-klank brutsen ta ‘je’. Yn ‘e Dongeradelen is dat ‘je’ doe wer ta ‘ji’ wurden. Nuver is dan al dat der gjin tiidwurd ‘gjirje’ bestiet. Us mem brûkt foar it tiidwurd konsekwint ‘gearje’ (útsprutsen as ‘gjerje’). It wurd ‘gjirring’ fertsjinnet neffens my in plakje yn de nijste printinge fan it hânwurdboek. De skriuwwize moat dan noch al eefkes oer stind wurde. ‘Nearring’ en ‘njirring’ komme beide yn it wurdboek foar, dat dat soe derfoar pleitsje om ek de foarm ‘gjirring’ op te nimmen. Oan ‘e oare kant wurde foarmen lykas ‘bjimmen’ yn de skriuwtaal konsekwint skoudere. Wy soenen der yn dat ljocht ek foar kieze kinne om inkeld mar ‘gearring’ (en ‘nearring’) te skriuwen. De skriuwwize ‘gierring’ is gjin opsje, mei’t it wurd gjin stam ‘gier’ hat. ---------- Fersleine reek Henk Wolf Al hoe goed oft je miene dat je in taal yn ‘e macht ha, at je út in oare taal wat oersette moatte, stjitte je soms op ûnferwachte problemen. Sa moast ik okkerdeis in tekst út it Ingelsk yn it Frysk oersette. Dêr kaam de fraze ‘stale smoke’ yn foar. Dat is reek dy’t al in moai skoft yn in min fentilearre romte hinget en net mear sa fris rûkt. Dy’t thús yn ‘e moaie keamer wolris in feestje jûn hat, wit grif wat ik bedoel. Yn it Hollânsk koe ik foar ‘stale smoke’ ‘verschraalde rook’ betinke. Oaren mienden trouwens dat it ‘verschaalde rook’ wêze moast - en Van Dale jout har gelyk. Beide wurden komme wol wer op it Internet foar en fan de minsken om my hinne sei ek de iene ‘verschaald’ en de oare ‘verschraald’. Nei alle gedachten waard it wurd ‘verschaald’ (te lang in de schaal gelegen) oarspronklik allinnich foar floeistoffen brûkt (‘verschaald bier’). De assosjaasje mei ‘schraal’ sil de foarm ‘verschraald’ wol opsmiten ha. Mar ta it Frysk. Ik begûn ynearsten mei ‘skrale reek’. Op himsels net sa nuver, ‘skraal’ hat in betsjutting ‘tin’, ‘net sa ticht’. Dat seit ‘stale’ ek wol wat. Mar doch dekt dy flage de lading net helendal, en echt in idiomatyske manier fan sizzen is it ek net. In kollega miende dat er eartiids wol fan ‘kâlde reek’ yn de bedoelde betsjutting heard hie. At dat idiomatysk wie, dan wie it fansels in prachtige fynst. De kollega wie der lykwols net wis fan en yn de Fryske literatuer en yn de wurdboeken wie dy útdrukking ek nearne te finen. Dat makke dat ik trochsocht om in bettere oersetting. Oaren droegen noch de mooglikheden ‘bestoarne reek’, ‘fersille reek’, ‘bestjurre reek’, ‘âlde reek’ en ‘fersleine reek’ oan. Allegear op himsels net sa raar. In stik wyld is bestoarn at it al eefkes hinget, dat jildt ek foar de soarte fan reek dy’t ik sykje. Dy reek is ek wat útwaaiere, ‘fersille’, dat dat is ek net sa’n minne kar. By ‘bestjurre reek’ kin ik my wat minder foarstelle, mar guon kollega’s hearde it net sa nuver oan. ‘Alde reek’ wie in goeie opsje, mar ik woe doch leafst in spesifiker wurd as ‘âld’. ‘Fersleine reek’ is ek wat foar te sizzen. In pear lju koenen ‘ferslein bier’ wol foar ‘dea bier’, ‘verschaald bier’. Allinnich koe ik nearne yn ‘e literatuer ien fan dy wurden yn kombinaasje mei ‘reek’ fine. En ik woe it leafst in besteande útdrukking brûke. Dy fûn ik úteinlik yn de taaldatabank fan de Fryske Akademy: ‘Mar de lucht fan forsleine sigrettereek en drank en it kâlde, skrutene moarnsljocht dat oer de forfallen stuollen en fettige pluche kleden foel jagen him op ...’ (út: Leo Popma, In kwesty fan hûd, 1971). Dat, doe haw ik de knoop mar trochslein. ‘Stale smoke’ is ‘fersleine reek’ wurden. ---------- Spantsje, steltsje, pearke Henk Wolf “Dy twa, is dat in spantsje?” frege ik okkerdeis oan in kammeraat. Hy seach efkes wat fernuvere, en dat net om myn ûnderstelling. It wurd ‘spantsje’ yn ‘e betsjutting feint-en-faam wie nij foar him. Hy koe it wurd wol, mar dan inkeld mar foar de hynders dy’t meiinoar foar in wein steane. Dat ferwûndere my wer, want ik praat dan inkeld mar fan in ‘span’, sûnder ferlytsingsútgong dus. Foar in jonge en in famke dy’t ferkearing ha, soe myn kammeraat ‘steltsje’ of ‘pearke’ sizze. No koe ik my by ‘steltsje’ noch wat foarstelle, al hearde it my wat Hollânsk oan, mar ‘pearke’ mocht my net tinke dat ik it ea heard hie. Wol ‘pear’, mar dat binne troude minsken. Doe haw ik ris om my hinne frege en it die bliken dat ûnderskate minsken der krekt sa ûnder stienen as dy kammeraat fan my. In pear oaren wienen it wer folslein mei my iens. Mar der wienen ek lju dy’t de wurden ‘spantsje’, ‘steltsje’ en ‘pearke’ noch wer heel oars oanfielden. Der wienen twa minsken, dy koenen alle trije wurden wol, mar by harren wie it in pearke sib wurk, wylst in spantsje en in steltsje ek wat skarrelje koenen. Trije oare kollega’s fûnen alle trije wurden normaal, mar brûkten se allinnich foar jongelju. ‘Span’, ‘stel’ en ‘pear’ wienen by har de neutrale oantsjutting foar feint-en-faam of man-en-wiif. En noch wer in kollega tocht allinnich by ‘pearke’ oan in ‘Liebespaar’. ‘Steltsje’ hearde him wat boargerlik oan en ‘spantsje’ koe ider duo wêze, dus ek twa maten of in twakoppige direksje. Oer ‘pearke’ is fierder net folle te sizzen, dêr ferskilden de mieningen te bot oer, en by net ien like dat wurd as oantsjutting foar feint-en-faam de pree te ha. Mar by de oare twa foel my wol wat op. Aardich wat minsken foar wa’t ‘spantsje’ it gewoanste wurd wie, neamden ‘steltsje’ in hollannisme. Tagelyk wienen der minsken dy’t ‘steltsje’ gewoan fûnen en ‘spantsje’ ‘âldfrinzich’ of ‘geef Frysk’ neamden, of it foar minsken helendal net koenen. Dat liket derop te wizen dat ‘spantsje’ âldere brieven hat. ‘Steltsje’ is foar guon noch in hollannisme, wylst it by oaren al de gewoane oantsjutting wurden is. Dy lêste groep minsken wie yn myn mini-stekproefke trouwens net opfallend jonger as dejingen dy’t inkeld ‘spantsje’ brûkten. Yn de taaldatabank fan de Fryske Akademy haw ik ek noch eefkes sjoen. Dêrmei kin men tûzenen Fryske boeken trochsykje. Alle trije wurden komme deryn foar yn de bedoelde betsjutting. It Wurdboek fan de Fryske Taal neamt se ek alle trije. Dêr fûn ik nammers ek noch de neikommende sin: ‘By de fûgels neame wy in mantsje en in wyfke by elkoar in spantsje, in pearke of in steltsje’ - in oanhaal út De Pompeblêden fan 1968. At lêzers de trije wurden noch wer oars brûke, of noch oare wurden ha om feint-en-faam oan te tsjutten, dan soe ik dat wol graach witte wolle. ----------
Walter as in dreng ut Nord-Fraschlunj. Hy heet in sjap, tacht by 'e strunj. Dêr boget hy ma san hun Bijke. Walter koon san hudj ai fine. Hy heet niinj oning wêr hy as. En wêr as dy hun? Heet Bijke san hudj flicht? Dat koon doch ai su weze? Jo, doch welj: dêr as Bijke. Hy sjocht san boas wanlik unj. Hy heet Walter san hudj aw it hood.
Hitende foarm
Henk Wolf
De gebiedende wijs hyt yn it Frysk hitende foarm. En dy Fryske hitende foarm hat wat bysûnders. Lit ús foar't wy dêrop yngean, earst ris nei it Ingelsk sjen. At in tiidwurd in hitende foarm hat, dan is dy altyd gelyk oan de ynfinityf, dat is de foarm dy't yn it wurdboek stiet. Dus bygelyks go en stop en wait. Heel ienfâldich, no? Yn it Hollânsk is it net folle oars. De ik-foarm en de hitende foarm binne gelyk oaninoar, en dy binne wer gelyk oan de ynfinityf minus de útgong -en of -n. Dus sta en stop en help, om mar in pear foarbylden te neamen. Allinnich zijn hat de foarm wees, mar dy kinne wy ek as de hitende foarm fan wezen beskôgje, en dan is er wol wer regelmjittich.
No it Frysk. At in tiidwurd yn it Frysk in hitende foarm hat, dan is dat gelyk oan de ik-foarm. Dy ik-foarm is by tiidwurden mei de útgong -je (dûnsje, helje ensfh.) gelyk oan de ynfinityf. By tiidwurden mei de útgong -e (bygelyks sitte, springe) is de hitende foarm gelyk oan de ynfinityf sûnder de útgong: Sit! Spring!
Wat yn it Frysk no sa bysûnder is, is dat dy taal twa echte ûnregelmjittige hitende foarmen hat. Dat binne Wacht! en Hark! Guon Friezen kinne allinnich dy foarmen, oaren brûke se neist de regelmjitte foarmen Wachtsje! en Harkje! en wer oaren brûken inkeld mar dy regelmjittige foarmen, mar it feit is dat se yn it Frysk foarkomme.
By guon sprekkers is der lykwols wat mei dy twa nuvere foarmen te rêden. Sa kinne guon se wol as los wurd brûke: Hark!, Wacht!, mar se kinne der net in sin mei meitsje. Foar harren is Hark nei jim mem! of Wacht op my! ferkeard. Dan sizze se Harkje nei jim mem! en Wachtsje op my!. Wer oaren sizze dat se hark en wacht allinnich brûke kinne mei it wurdsje ris derefter, dus: Hark ris! en Wacht ris!
Wêr't de hitende foarmen Hark! en Wacht! weikomme, is net dúdlik. Soenen wy by Wacht! noch oan in Hollânsk lienwurd tinke kinne, by Hark! is ûntliening fansels gjin mooglike ferklearring.
Yn it Frysk is fierders noch apart dat Friezen lykje te twiveljen by tiidwurden mei in ûnregelmjittige ik-foarm. Ynstee fan Ik jou koe men yn 'e 19e ieu noch sizze fan Ik jaan. Jaan! en Jou! komme yn âldere literatuer beide wol foar as hitende foarm, al hat Jou! hjoed de dei it hear allinnich.
Aardich om te fernijen is noch dat it Fryske sille in hitende foarm hat. Sil no braaf leare, fanke! heart my wol goed oan. It Hollânske zullen hat gjin hitende foarm. *Zul/zal nu braaf leren, meisje! heart o sa bryk.
----------
Baskúl, weechskaal, waach
Henk Wolf
As bern moast ik wolris op 'e baskúl, sa'n plat apparaatsje, dat oanjout hoe swier oft je binne. Sa'n ding hear ik tsjintwurdich wol gauris nei ferwizen mei de namme weechskaal, en dat is fansels Frysk fan spui-mar-út. Om in Frysk wurd te finen foar wat yn it Hollânsk in weegschaal hyt, liket nochal dreech te wêzen. It hânwurdboek fan de Fryske Akademy jout as Fryske oersetting dêrfan skeal, skealje, skealing, skealjen, skealjes en skealings - allegear wurden dy't ik noch nea heard yn it echt heard ha. Skalen kin ik wol, mar dat is dan sa'n winkelmansapparaat dêr't echt twa skalen op sitte. Foar de nijere waachynstruminten mei in fear deryn heart my dat raar oan.
It wurd baskúl is net heel bekend. Okkerdeis haw ik it noch wol in kear heard, mar doe gong it spesifyk om in waachtastel foar sekken mei rjappels. Yn dy betsjutting stiet it ek yn it Wurdboek fan de Fryske Taal.
It efterheljen fan it komôf fan baskúl is net sa'n toer, it komt út it Frânsk en hâldt ferbân mei basculer ('wippe', 'slingerje'). De oarspronklike bascule hie lange earms, dat sa'n namme leit o sa foar de hân. Foar de moderne platte apparaatsjes leit sa'n namme sa bot net yn 'e reden, mar dat jildt allyksa foar it Hollânske weegschaal. Der komt hjoed de dei ommers gjin skaal mear oan te pas. Mei't baskúl foar guon Friezen deselde romme betsjutting hat as weegschaal en it wurd satliket yn in ferlet foarsjocht, soe ik it moai fine at it as oersetting dêrfan yn de wurdboeken opnaam waard.
It tiidwurd dat it fêststellen fan it gewicht útdrukt, is foar party Friezen ek wat in probleem. Byâlds wie dat wage en dat is yn it noarden fan Fryslân no noch. Yn de lette midsieuwen is de a-klank yn in grut part fan de provinsje feroare yn in ea-klank, mei weage as risseltaat. Soks is by in soad wurden bard. In jonge ko hite foarhinne in kaal en no in keal. (Yn Hylpen hyt sa'n bist altyd noch in kaal.) It wurd beam is ûntstien út baam en sa binne der noch folle mear foarbylden. Weage liket no lykwols in soad op it wurd weagje ('doare', 'de moed ha'). Wat langer wat mear minsken kinne dy twa net mear útinoar hâlde. Se brûke dan faak weagje yn beide betsjuttingen.
Earder bestie foar in waachynstrumint oars noch it wurd waach. Elkenien kin fansels de Waach yn de Ljouwerter binnenstêd. In protte stêden ha in gebou fan dy namme. It is in gebou, dêr koenen minsken eartiids saken wage litte. De namme waach is fan 'e baskúl sels oergongen op it waachhûs, it gebou dêr't er yn stie.
----------
De har-sykte
Henk Wolf
De Hollânskpraters sitte al gâns in skoft mei in rare krupsje oantangele, en taalkundigen neame dy de haar-ziekte. Lju dy't mei dy sykte oanhelle binne, meitsje allegear wurden froulik dy't dat net binne. Se sizze dus fan: de gemeenteraad en haar leden, ynstee fan: de gemeenteraad en zijn leden, wylst raad in manlik wurd is. No wit fansels hast net ien mear hokker wurden oft no manlik as froulik binne, mar dat is al ieuwen sa, en de praktyk wie heel ienfâldich: ferwiisde in wurd nei in frou of famke, dan ferwiisden wy dernei as wie it froulik, en fierders brûkten wy de manlike foarm. Dus as wy it ha oer in ûnsidich wurd as (het) meisje, dan sizze wy: Daar gaat ZIJ met HAAR ouders. En by in fan oarsprong froulik wurd as tafel sizze wy: HIJ staat stevig op ZIJN poten. By froulike bisten koenen je noch wolris twivelje. Fan in ko sille de measten sein ha: HIJ staat in de wei, al wie der grif ek wolris ien dy't it oer ZIJ hie.
Yn formeel skriftlik Hollânsk wienen noch in pear útsûnderingen; guon abstrakte wurden mei útgongen lykas -heid en -ie moasten neffens de boekjes as froulik behannele wurde: De overheid en HAAR ambtenaren.
De haar-ziekte sil in jier as tritich âld wêze, en de Fryske wjergader, de har-sykte, miskien in jier as wat jonger. Yn it Frysk binne de symptomen boppedat helte dúdliker, mei't it Frysk net it neutrale zich hat. Kinne je yn it Hollânsk noch moai ûndúdlik oer it slachte bliuwe mei in sin lykas De raad heeft ZICH over de zaak uitgesproken, yn it Frysk moatte je kieze tusken him en har.
De learboekjes binne der heel maklik yn: wurden dy't ferwize nei froulike minsken wurde as froulik beskôge, alle oare wurden as manlik, dus ek dyselde dy't yn it Hollânsk froulik binne: De oerheid en SYN amtners, de ko en SYN jaar. En dat slút ek wol min ofte mear oan by hoe't de Friezen de lêste ieuwen prate.
In pear útsûnderingen lykje der fanâlds lykwols al te wêzen. Sa is it foar in protte Friezen heel gewoan om nei dranken te ferwizen as wienen se froulik:
- Wat hast yn 'e kofje? - Ik drink SE it leafste swart.
Apart is wol dat har ynstee fan se hjir net mooglik liket.
In nije goarre liket de harren-sykte te wêzen. Ik lês de lêste tiid geregeldwei sinnen mei ferwizingen yn it meartal nei ientallige wurden, dus: Elkenien moat HARREN eigen handoek meinimme, Net ien hie wist wêr't HJA hinne moasten. Dat moat fansels wêze: SYN eigen handoek en wêr't ER hinne moast. It Ingelsk sil oan dy nijste taalferoaring wol debet wêze. Yn dy taal sizze se al ieuwenlang: Everone should bring THEIR own towel, in sprektalige konstruksje dy't troch de polityk korrekte beweging in fêst plak yn de standerttaal krigen hat.
----------
In man, dy hite fan Durk
Henk Wolf
Yn alle talen ha je wol ferskillende manieren om ien en itselde te sizzen. In moai eksimpel kin men fine yn de sintsjes (1) en (2) hjirûnder:
(1) Ik prate juster mei in man dy't fan Durk hite en dy't skuonmakker wie.
(2) Ik prate juster mei in man, dy hite fan Durk en hy wie in skuonmakker.
Dy twa sinnen befetsje trije meidielings. Dy steane yn (3) moai ûnderinoar:
(3) a. Ik prate juster mei in man.
b. Dy hite fan Durk.
c. Hy wie skuonmakker.
Yn sin (2) steane dy trije meidielings njonkeninoar opneamd, allinnich it bynwurdsje 'en' is tafoege. Yn sin (1) binne de meidielings yn (3b) en (3c) lykwols yn sin (3a) parst. De wurdfolchoarder moat feroarje en in yn sin (1) sa koarte sindiel 'in man' wurdt no it folle langere 'it man dy't fan Durk hite en dy't skuonmakker wie'. Taalkundigen ha útsocht dat it úttinken en begripen fan sin (1) foar it minsklike brein helte yngewikkelder is as dat fan sin (2). Foar bern fan fjouwer jier is it begripen fan sinnen lykas (1) sels fiersten te dreech, en earst at se in jier as sein binne, begjinne se sels sokke sinnen te meitsjen. Sinnen fan it slach fan (2) begripe en brûke se al folle earder. En folwoeksenen dy't in frjemde taal leare moatte, mije gauris sinnen lykas (1) yn de nije taal.
Sin (1) en (2) komme beide yn it Frysk foar, mar der sit wat in stylferskil yn. (1) sil men earder yn de skriuwtaal tsjinkomme, en (2) yn de sprektaal - al is soks gjin izeren wet, fansels. Sa tilt it yn de sammele folksferhalen fan Ype Poortinga op fan sinnen lykas (2). Nim de foarbylden hjirûnder, beide út syn prachtich boek 'It fleanend skip':
(4) Nou hie de boer in greatfeint en dy hie hwat mear fan 'e wrâld sjoen as de measten en hy wie net forrotte.
(5) Ik wit hjir yn 'e stêd in man dy hat lange jierren yn 'e East west en dêr hat er midden tusken de toveners en wiersizzers forkeard.
Dy sinnen kin men sachts omsette yn sokke fan it type yn (1):
(6) Nou hie de boer in greatfeint dy't wat mear fan 'e wrâld sjoen hie as de measten en dy't net forrotte wie.
(7) Ik wit hjir yn 'e stêd in man dy't lange jierren yn 'e East west hat en dy't dêr midden tusken de toveners en wiersizzers forkeard hat.
By my binne (6) en (7) prachtige foarbylden fan amtlik proaza, mar passe se lang sa moai net yn Poortinga syn folksaardige ferteltrant. En mei't de Fryske skriuwtaal graach it omgongstalige wat oankrûpe mei, is der neffens my net folle reden om sinnen lykas (2), (4) en (5) te skouderjen.
----------
Klam
Henk Wolf
Elkenien sil dy fertelle kinne dat yn it wurd tafel de klam falt op ta en net op fel. Likegoed is it elkenien dúdlik dat yn it sintsje Jan sjocht Pyt, Jan ornaris dejinge is dy't sjocht en Pyt dejinge dy't sjoen wurdt, mar dat it ek oarsom wêze kin at Jan de klam krijt.
Wy prate fleurichwei oer 'klam', mar wat dat no einliks is, dat is in fraach dêr't de measten fuort net in antwurd op ha sille. Sels taalkundigen witte it noch altyd net krekt. Oars as wolris tocht wurdt, hat klam mar in heel lyts bytsje mei lûdsterkte te krijen. Der spylje ferskillende dingen mei, mar ien fan 'e belangrykste liket de toanhichte te wêzen.
No is it net sa dat minsken yn har spraak mar frij mei de toanhichte fariearje. Sûnder it te witten hâlde minsken har oan beskate regels en dy binne foar elke taal wer oars. Lit ús as foarbyld it Hollânsk ris nimme. Dy taal hat twa toanhichten ta syn foldwaan: ien foar wurdlidden sûnder klam, en ien foar wurdlidden mei klam. Hoe heech oft dy beide nivo's binne, hinget ôf fan de stim en de emoasje fan de sprekker, mar de ôfstan tusken beide is altyd likernôch gelyk.
Trochdat it Hollânsk mar twa toanhichten hat, heart dy taal foar in soad minsken frijwat monotoan. Dat idee wurdt noch fuortsterke trochdat Hollanners leafst net in soad hin-en-wer ljeppe tusken beide toanhichten; yn in sin lykas Mijn zoon wil een leeuw zien, wurde de wurden zoon wil een leeuw allegear op it hege nivo útsprutsen, wylst mijn en zien op it lege nivo útsprutsen wurde.
It Britsk Ingelsk hat net twa, mar trije toannivo's. De earste twa binne sawat like heech as de twa Hollânske en de tredde leit dêr noch in ein boppe. Dêrtroch kin it toanhichteferskil tusken twa wurdlidden yn it Ingelsk twa kear sa grut wêze as yn it Hollânsk. Boppedat ljeppe de Britten folle mear op-en-del tusken de trije nivo's. De yntonaasje is helte minder flak as yn it Hollânsk. Yn Hollânske earen heart it Britske Ingelsk dêrtroch wat 'geierich' of 'orgastysk'. En der binne wol talen mei noch mear nivo's.
En hoe sit it mei de toanhichte yn it Frysk? Wel, dat witte wy einliks net. It hat derfan dat it Frysk yn alle gefal mear as twa toanhichten hat. Wol dúdlik is dat it 'ljepgedrach' fan Friezen gâns oars is as dat fan Hollanners. Ferlykje mar ris Doch net sa raar, ju! mei Doe niet zo raar, joh! Yn it Frysk wurdt raar ju folle heger útsprutsen as yn it Hollânsk raar joh. En Jarich Hoekstra hat ris in moaie taalsnipel skreaun oer it klamferskil tusken Wêr giet dat boek oer? en Waar gaat dat boek over? Yn 'e Fryske sin kin men de klam op giet lizze, mar ek op oer. Yn de Hollânske sin kin er allinnich op gaat lizze.
It soe my eins net fernuverje at it tredde (heechste) toannivo yn it Frysk wat yn it neigean is. As bern begekken wy thús al de foar ús opfallend sterke klam fan guon âldere famyljeleden ('marjoLEIN, no moatst OPHÂLde!').
De yntonaasje is tige wichtich foar de yndruk dy't men krijt fan in taal dy't men net kin; tink mar oan de opfallende Sweedske yntonaasje. No sizze Dútsers gauris dat se ús Westerlauwersk Frysk en it Hollânsk net útinoar hâlde kinne, en dat beide talen deselde 'singsang' ha. Dat kin der ek wer op wize dat de Fryske yntonaasje flakker wurdt, al bin ik der wis fan dat it der ek mei te krijen hat dat Friezen in soad Fryske yntonaasjegewoanten ek brûke at se Hollânsk prate.
----------
Stjirrebylden
Henk Wolf
Wa't yn it hânwurdboek Nederlânsk-Frysk fan de Fryske Akademy de nammen fan de stjirrebylden opsiket, fynt dêr almeast letterlike oersettingen fan de Hollânske nammen - nammen dy't net ien brûkt. Sa jout it wurdboek foar de maagd it Fryske wurd faam, en foar boogschutter bôgesjitter. Oare stjirrebylden, lykas de weegschaal steane der net iensen yn.
De praktyk is, tink, hjoed de dei dat Friezen de Hollânske nammen brûke, miskien mei útsûndering fan raam, stienbok, fisken en noch in pear dy't heel bot op de Hollânske nammen lykje. Doch skynt it Frysk byâlds wol eigen nammen hân te ha. In 18e-ieusk almenakje jout it neikommende listje:
Ram - Ygle Hurdholle
Stier - Hans Bolle
Tweelingen - Houk en Ansk
Kreeft - Hette Bryklob
Leeuw - Bitelige Lieuwe
Maagd - Mary Patsiik
Weegschaal - Douke Just
Schorpioen - Stikelige Douwe
Boogschutter - Hans Pylk
Steenbok - Harmen de Bok
Waterman - Pissebêd
Vissen - Piter Poasken
De frouljusnammen 'Houk en Ansk' moatte hast wol te krijen ha mei 'Ansk en Houk', in 17e-ieusk fers fan in ûnbekende dichter. De fraach is fansels oft dy dichter de grapmakker wie of dat de namme fan it stjirrebyld in parody op dat gedicht is.
De 'lob' yn 'Hette Bryklob' is in rûch wurd foar 'earm' of 'skonk', sokssawat as 'poat'. 'Bitelich' is 'biterich'. 'Patsje' is 'tútsje' en 'patsiik' wol sizze dat Mary graach tútsje mocht. 'Douke Just' waard ek wol 'Douwe Lyk' neamd. 'Poasken' binne lytse slimerige fiskjes. Guon lêzers kinne miskien de útdrukking 'sa ferkâlden as in poask'. En fan ien dy't net sa grut fan stal is, kin men sizze: "It is mar sa'n poask."
Oft de boppesteande nammen ea serieus brûkt waarde of dat it giet om parodyen, dat is fansels net mear nei te gean. Wolle minsken de Hollânske nammen mije, dan binne se lykwols wol sa histoarysk ferantwurde as de gelegenheidsoersettingen dy't it wurdboek jout.
----------
Skûlliif
Henk Wolf
Al wer in moai skoft lyn lêsde ik in artikeltsje oer ien, dy hie in bysluter foar it ien as oare genêsmiddel yn it Frysk oerset. Wat de oarspronklike taal wie, wit ik net mear, mar hy hie yn de Fryske ferzje it Hollânske wurd baarmoeder brûkt. Yn it wurdboek hied er limoer fûn, mar dat wie in wurd, dat soenen de measte froulju net begripe.
Baarmoeder is yndied in lestich wurd om oer te setten. Nuver einliks, soenen ús foarâlden dêr nea oer praat ha? It wurdboek jout net folle help mei de oersettingen liif, liifmoer en limoer. No is liif fansels fiersten te algemien. Soms hat it de bedoelde betsjutting, bygelyks yn de útdrukking Se hat it liif fol bonken, of ek wol fol hannen en fuotten. Dat wol fansels sizze: 'Se is swier'. Mar at je nei iten pine yn 't liif krije, dan giet it om 'e mage. En at je liifrinnich binne, of, krekt oarsom, at je oan 'e wûnderoalje sille om iepen liif te meitsjen, dan giet it om 'e terms. En at je mei it luie liif op 'e bank delploffe, dan wurdt it hele lichem bedoeld. It wurd memmeliif is justjes dúdliker, en wurdt ek wol foar de 'baarmoeder' brûkt, mar einliks is it ek noch net spesifyk genôch. It kin ek wer in rommere betsjutting ha, krekt lykas it Hollânske moederlijf: 'In het moederlijf bevindt zich de baarmoeder'.
Prate foarhinne ien oer in liifmoer of de ferkoarte foarm limoer, dan hied er it meastentiids oer fee. In frommeske koe wol de limoer ha, hystearysk wêze, mar oars as yn oerdrachtlik gebrûk waard it wurd foar minskefroulju net brûkt. Neffens it grutte Wurdboek fan de Fryske Taal wurdt it pas sûnt de jierren '70 foar minsken brûkt. In wurd as limoerhalskanker, dat it hânwurdboek fan de Fryske Akademy jout, liket my dan ek mear wurdsjebakkerij as oerlevere folkstaal.
Foar bisten wurdt ek noch wol praat fan de lêch (ek wol it lêch). Nei alle gedachten is de oarspronklike betsjutting fan dat wurd de drúfkes, de lichemsdielen dêr't de aikes yn sitte (Hollânsk: eierstokken). Mar fan in ko wurdt ek wol sein dat er de lêch út hat. Dat is itselde as dat er it liif út hat, dan hinget de boel derta'n út. Fan sa'n ko wurdt ek wol sein dat er liboaitsk is.
Lêsten hearde ik ien foar de minsklike baarmoeder it wurd skûlliif brûken. Ik haw it yn it wurdboek net weromfine kind en ik ha der ek gjin aan fan hoe algemien oft it brûkt wurdt, mar it noaske my eins wol. It heart wol oarspronklik en it hat in noflike klank (in skûlplak), it hoecht net út it bûthús of de hinneloop wei te kommen, is maklik te begripen, en it hat wol dy spesifike betsjutting dy't it wurdsje liif allinnich net hat.
----------
Rinne
Henk Wolf
It Frysk hat in grutte rykdom oan wurden foar manieren om jin op fuotten te ferpleatsen, te rinnen dus. It is skande dat guon fan dy wurden sa'n bytsje mear brûkt wurde. Lit ús hjir ris in stikmannich by de kop pakke.
Alderearst rinne sels. Yn de oanbuorjende talen hat dat de spesifikere betsjutting hurd rinne, drave krigen: Hollânsk rennen, Dútsk rennen, Ingelsk to run. Us drave wurdt yn it Hollânsk wer allinnich foar hynders brûkt. It Hollânske lopen is besibbe is oan it Fryske ljeppe en it Ingelske to leap, beide mei de betsjutting 'springe', wylst it it Dútske laufen gauris 'drave' betsjut.
Earder hie gean ek de betsjutting rinne. Der wurdt noch wolris sein dat ien te gean is, dus 'rinnend', 'te foet'. Mar tsjintwurdich geane je ek op 'e fyts of mei de fleanmasine earne hinne. Yn it Dútsk hat gehen noch wol faak de beheindere betsjutting.
At je rinne, dan geane je mei de billewein of mei it skuonmakkersweintsje of op it arbeidershynder. In selde soarte fan humor fine wy yn de namme gemeentepils foar 'wetter'.
Der binne frijwat manieren om te rinnen. Ien dy't grutte stappen nimt, trêdet. Efkes in slach om dwaan, hyt oars ek wol trêdzje, en je kinne ek in ôfstân trêdzje, d.i. rûchwei mjitte troch je stappen te tellen. En fansels trêdet de hoanne de hin, dêr komme lytse pykjes fan. Ut de aardichheid in ein rinne neame wy kuierje of traapje en at je dêrby yn 'e prakkesaasjes wei binne, dan sizze wy dat je pesjantelje of tsjantelje.
Lêsten lêsde ik fan ien, dy "kloatsekke nei de doar ta". Dat wol sizze dat er wat sukkeleftich rûn. Binne je wat min op 'e gong, dan strampelje je, of je poddebûkje. Rinne je mei lijen troch it wetter of troch de drits, dan neame wy sok rinnen peazgje, peatskje of mjukselje. Mar je kinne ek mei fûle faasje ien foarby snjitte. Hat in famke wat in truttich loopke, dan wurdt ek wol sein dat se snjit.
Dan kinne je noch panderje of pandelje (kuierje, rêstich oanstappe), skilderje (Hollânsk 'ijsberen'), keutelje (doelleas omrinne), skeanbilje of skeangatsje (slingerjend rinne, bygelyks at je in slokje op ha), sjoelfuotsje (slofkje, rinne sûnder de fuotten goed op te tillen), sjompe (stadich rinne, sûnder entûsjasme), fuottelje (mei lytse stapkes rinne), tripkje (trinten rinne, meastal ek mei lytse stapkes), wâdzje (rûchhouwerich stappe of troch wetter rinne), giuwe (hurd rinne, drave) en jotse of jotskje (wyld rinne of drave). Fierders kinne je sokkebalje (strampelje, ûnwis rinne), al kinne wy dat wurd hjoed de dei hast allinnich mar mear yn opsokkebalje (oppakke, ta bliidskip fan oaren ôfsette).
Wurden foar 'rinne' komme yn allegear útdrukkingen foar. As beslút neam ik in pear. Oer de foet stappe (dronken wêze), fan ien rinne (yn 'e kream moatte), yn 'e papieren rinne (djoer wêze), op 'e non rinne (mislearje), in blauwe skine rinne (in ôfskriuwer krije), oer de buorren gean (berabbe wurde).
----------
Oeger
Henk Wolf
Ype Poortinga hat út de mûlen fan Fryske fertellers hele smiten folksferhalen optekene en bondele yn in rige prachtige boeken. Yn ien fan dy gjirringen, De foet fan de reinbôge, fûn ik it teltsje De oeger, de bern yn 't sâlt en de hillige. Wat ding oft in oeger is, dêr hie ik gjin besleur oer, mar it ferhaaltsje joech klearrichheid: "De bern mienden, dat se goed te plak wienen, mar it die bliken, dy man wie in oeger, in minskefretter." Moai dat de ferteller de betsjutting der fuort by joech, want oeger komt yn gjin inkeld Frysk wurdboek foar.
Ingo Laabs, kenner fan de Germaanske mytology, wiisde my op it Dútske wurd Oger, in mytologyske minskefrettende reus. Oer dy Oger is op it Internet in weareld ynformaasje te finen. Se skine ûntstien te wêzen as bern fan trollen en orks, dy't wy wol kinne út de wurken fan Tolkien. De measte boarnen sizze dat se sa'n trije meter lang binne, mar ien auteur hat it sels oer "zwischen 2,99 Meter bis zu Turmhöhe". Dat it minskefleisfretters binne, dêr binne alle boarnen it wol oer iens. Der skine ferskillende soarten fan Oger te bestean, fan 'gewoane' reuzen oant sokken mei mar ien each, en sels guon mei mear as ien holle. Ien boarne fernijt noch, de Oger soe hast net dea kinne, om't er syn siel op in feilich plak bûten syn lichem bewarret, in tema dat faak yn mearkes opdûkt.
De Britten en Frânsen skine deselde figuer ek te kinnen, ûnder de namme ogre. Myn Ingelsk wurdboek jout as beskriuwing: "(in fairy tales) cruel man-eating giant". In wyfke-ogre hyt yn it Ingelsk ogress en yn it Frânsk ogrine of ogrisse. Frânske taalkundigen diskusjearje op ferskillende plakken op it Internet oer it komôf fan it wurd ogre. Guon wolle ha dat it fan Orcus komt, in Romeinske god fan de ûnderwrâld. Syn namme waard ek wol brûkt foar de persoan fan de dea. Oare taalkundigen miene dat ogre in ferbastering is fan Hongrois ('Hongaar'). De Frânsen moatte ea leaud ha dat de Hongaren in rûch folk fan minske-iters wienen.
Us Fryske oeger is satliket net in reus. Oan it ferhaaltsje yn Poortinga syn boek mei men hast ôfnimme dat it giet om in minsklike minskefretter. Sa'n ien soenen wy hjoed de dei almeast in kannibaal neame.
Dat lêste is oars ek in nijsgjirrich wurd. It komt fan it Spaanske canibal en it is besibbe oan it eigenskipswurd dat wy tsjinkomme yn de namme it Karibysk gebiet. Beide binne ferbasteringen fan Caribal, dat is in lid fan de minskefrettende Yndianestam Cariba op Portoriko. Neffens Van Dale soe it wurd canibal mei ûntstien wêze troch de gedachte oan it wurd can ('hûn').
Ik tocht noch, at Thomas Harris no in Fries west hie, en hy hie syn boek The Silence of the Lambs yn it Frysk skreaun, hie Hannibal the Cannibal dan heel miskien Oege de Oeger hiten?
----------
Moatte en sille
Henk Wolf
It helptiidwurd moatte kin ferskillende saken útdrukke. De bekendste binne ferplichting en needsaak. Sjoch mar ris nei de neikommende twa sinnen.
(1) Ik moat myn keamer oprêde, om't ús mem it seit.
(2) Ik moat myn keamer oprêde, want ik kin neat mear fine.
Yn sin (1) is sprake fan in ferplichting: de sprekker wurdt troch syn mem ferplichte om syn keamer op te rêden. Yn sin (2) drukt moatte in needsaak út: it oprêden is nedich om it probleem dat er neat mear fine kin, op te lossen.
Oare talen brûke twa ferskillende helptiidwurden om ferplichting en needsaak oan te jaan. It Dútsk is sa'n taal. Ferplichting wurdt mei müssen útdrukt en needsaak mei sollen. De oersetting fan (1) en (2) steane yn (3) en (4).
(3) Ich mu$ mein Zimmer aufräumen, weil meine Mutter es sagt.
(4) Ich soll mein Zimmer aufräumen, denn ich kann nichts mehr finden.
It is hjir net mooglik om mu$ en soll om te draaien.
No liket it derop dat it Fryske sille yn beskate gefallen deselde funksje hat as it Dútske sollen, nammentlik dy fan in helptiidwurd dat needsaak útdrukt. Foar guon lêzers grif net ûnbekend is it dialoochje yn (5):
(5) "Ik wol net!"
"Do silst!"
De sin yn (6) is ek in klear foarbyld:
(6) As soe Gabe der ek foar nei Grins ta, de ferneamde dokter soe nei syn heit sjen.
Alle minsken dy't ik dêrnei frege ha, fûnen (6) in goeie sin. It earste soe drukt dêryn ek wer in needsaak út. Wy kinne it ek heel bêst troch moast ferfange.
Yn sin (7) is de betsjutting fan sil wat minder maklik te sjen, mar dúdlik is dat it yn kombinaasje mei net in needsaak útdrukt dat it ien of oar net wer foarkomt:
(7) Sa sille wy net wer, boeke!
It Hollânske zullen is fansels besibbe oan it Fryske sille, mar it hat net alle betsjuttingen dêrfan. De boppesteande foarbyldsinnen binne net letterlik yn it Hollânsk oer te setten. Dat komt trochdat zullen gjin needsaak útdrukke kin. It is wol in helptiidwurd, mar dan fan tiid, it drukt út dat it ien of oar syn beslach krijt yn 'e takomst. Sin (8) is dêr in dúdlik foarbyld fan:
(8) Zij zullen het aardrijk beërven.
Dy sin seit net mear as dat se de ierde ervje, en net no, mar letter. It Fryske sille hat lykwols noch in oare betsjutting; it kin in plan of yntinsje útdrukke. Dat kin zullen ek net. Sjoch mar nei (9):
(9) Ik sil efkes in slach om.
De sprekker docht yn (9) gjin foarsizzing foar wat der yn 'e takomst barre sil, hy sprekt syn plan út. It Hollânsk brûkt yn dat gefal gaan:
(10) Ik ga even een straatje om.
----------
Wytske, jong!
Henk Wolf
Jarich Hoekstra hat yn 1989 in nijsgjirrige taalsnipel yn dizze krante skreaun oer de wurdsjes ju en jong, lykas yn: Moai, net, ju? of Piter, jong, wat bist brún wurden. Hoekstra wol deropút dat it wurdsje ju ûntstien is út jong, trochdat ong earst feroare is yn in nasale ('noazige') o. Dêrnei is dy o noaslûd-ôf wurden en by eintsjebeslút is er feroare yn u, in proses dat men bygelyks ek yn de Wâldske útspraak prutte foar protte obstrewearje kin. De ûntwikkeling yn it Hollânsk is hast deselde, allinnich ûntbrekt dêr de lêste stap. De Hollanners prate fan joh ('Hou op, joh!').
Hoekstra skriuwt fierders dat ju en jong yn it Frysk fleurichop trochinoar hinne brûkt wurde kinne. Sa kin men njonken Piter, jong, wat bist brún wurden ek sizze: Piter, ju, wat bist brún wurden. Nijsgjirrich is Hoekstra syn opmerking dat it brûken fan jong foar froulju 'yn alle gefallen wat apart is'. Hoekstra soe dus wol sizze: Wytske, ju, wat bist brún wurden, mar net sa gau: Wytske, jong, wat bist brún wurden.
Foar my is dy sin lykwols sa gewoan as wat. It wurdsje jong is yn it Dongeradeelster Frysk dat ik kin, net perfoarst manlik. Ik ha wol faker murken dat foarmen dy't yn it noardeasten foar beide manlju en froulju brûkt wurde kinne, yn oare kontreien inkeld mar foar manlju brûkt wurde. Sa waard by ús yn 'e famylje gauris sein: Us Hiltsje is in echte bisteman en ús mem seit geregeldwei fan harsels dat se in bûtenman en in hûneman is. At ik sokke wurden lykwols wolris foar froulju brûkte yn it selskip fan Legeasters, dan waard ik fuortendrekst ferbettere: it moast bistefrou of bistelyfhebber wêze.
No stiet fansels bûten kiif dat jong en man fan oarsprong nei manlike wêzens ferwize. Kleardernôch ha se dy spesifike beheining yn 'e Noardeasthoeke ferlern: jong at it, krekt as ju, as fokatyf brûkt wurdt, en man at it lyfhebber betsjut. It kin wêze dat dy wurden yn 'e rêst fan Fryslân nea it spesifyk manlike kwytrekke binne. Wierskynliker liket my lykwols dat jong en bisteman dêr foarhinne ek wol foar elkenien brûkt binne en dat de betsjutting ûnder ynfloed fan de manlike grûnbetsjutting fan beide wurden wer feringe is, mei as gefolch dat bisteman dêr no inkeld mar manlike bistelyfhebber mear betsjutte kin. Ik bin wol benijd oft der ûnder de lêzers út it suden en westen fan Fryslân ek minsken binne dy't de neikommende sinnen gewoan fine:
Wytske, jong, wat bist brún wurden.
Us Hiltsje is in echte bisteman.
Wat it wurd bistefrou fan myn Legeaster freonen oanbelanget, it wol my eins net oan dat dat fanâlds brûkt waard mei de betsjutting froulike bistelyfhebber. It heucht my net dat ik sa'n wurd ea yn 'e literatuer sjoen ha. Yn it Wurdboek fan de Fryske Taal stiet by frou ek net in betsjutting lyfhebber. Miskien dat se op 'e Westklaai bisteman as útsoarte manlik opfetsje en nei analogy dêrfan oannimme dat der ek in bistefrou wêze moat?
----------
De manier wêrop
Henk Wolf
De hûn wêrmei er op jacht giet; it hûs wêryn't er syn earste stapkes set hat; de manier wêrop er te wurk giet. De Fryske standerttaal hat it net sa op sokke formulearringen. Wurden lykas 'wêrmei', 'wêryn't' en 'wêrop' wurde yn ûnderwiislân foargoed ferkettere. It is my net dúdlik wêrom oft dat is. Dy foarnamwurdlike bywurden, sa't sokke wurden hite, komme al ieuwenlang yn it Frysk foar. Yn 'e njoggentjinde ieu sjogge wy se noch fral sûnder de einichste t-klank, dus 'wêrop' ynstee fan 'wêrop't', en dat is hjoeddedei al helendal in sûnde.
At minsken Frysk skriuwe, ferfange se gauris konsekwint alle foarnamwurlike bywurden troch konstruksjes mei 'dêr't'. Soms wol dat prima, lykas by de earste sin fan dizze taalsnipel; 'de hûn dêr't er mei op jacht giet' is poerbêst Frysk. By it twadde foarbyld heart it lykwols al wat minder natuerlik: 'it hûs dêr't er syn earste stapkes yn set hat'. En by it tredde foarbyld jout sa'n ferfanging wol fermaarde bryk Frysk: 'de manier dêr't er op te wurk giet'.
No kin men út de grammatikaboeken gewaarwurde dat foarnamwurdlike bywurden altyd al wol wat formeel wienen. De konstruksje mei 'dêr't' soe wat gewoaner wêze, mar wy ha krekt sjoen dat dy lang net altyd mooglik is.
Hoe rêde wy ús dan yn de ynformele sprektaal? Der binne gâns mooglikheden, mar dêr sinne wy by it skriuwen meast net op. Doch kinne se fertuten dwaan at men perfoarst net in foarnamwurdlik bywurd brûke wol. Lit my ris in pear neame.
Ik begjin mar mei it twadde foarbyld fan hjirboppe. In goed alternatyf soe wêze: 'it hûs dêr't er syn earste stapkes set hat'. Sûnder 'yn' dus. En it tredde foarbyld kin wurde: 'de manier hoe't/sa't er te wurk giet.'
Noch in pear foarbylden út de folkstaal: 'De fleur wêrmei se him temjitte kaam' - 'de fleur sa't se him temjitte kaam'. 'De keamer wêryn it ljocht flikkere' - 'de keamer dêr't it ljocht flikkere' (soenen je hjir it losse wurdsje 'yn' brûke, dan krige de sin in hele oare betsjutting). 'De reden wêrom it projekt net trochgiet' - 'de reden dat it projekt net trochgiet'. 'De dei wêrop se oankaam' - 'de dei dat se oankaam'. 'De ferhalen wêrfan ik sis dat se wier binne' - 'de ferhalen dy't ik sis dat wier binne'. 'De dingen wêrfan se sei dat se dermei dwaande wie' - 'de dingen dy't se dat se dermei dwaande wie' of 'de dingen dat se sei dat se (der)mei dwaande wie'. 'De frou wêrfan ik hoopje dat se komt' - 'de frou dy't ik hoopje dat komt'. 'De manuskripten wêrfan der twa yn Oxford lizze' - 'De manuskripten dy't der twa yn Oxford lizze'. 'By Warten binne smûke sleatsjes wêrop men ride kin' - 'By Warten binne smûke sleatsjes dat men derop ride kin'. 'Se ha dêr fan dat ies wêrmei ik altyd fiskje' - 'Se ha dêr fan dat ies dêr fiskje ik altyd mei'.
----------
Fryslân meartalich?
Henk Wolf
Fryslân wurdt faak meartalich neamd. Ek troch de oerheid. Net sa nuver, wy treffe hjir in weareld talen en taaltsjes oan. De measten prate Frysk, fierders hat it Bilt syn eigen tongslach, krekt lykas de stêden, de Stellingwerven, East-Kollumerlân en noch in pear streken. En sûnt in jier as fjirtich wurdt rûnom yn de provinsje ek wakker hollandere.
Dat lêste hat foar wat nijs soarge, nammentlik taalkonkurrinsje op it plattelân. Foarhinne koenen in soad minsken ek mear as ien taal, mar op de measte doarpen wie ien omgongstaal. Yn Minnertsgea praten se op 'e buorren Frysk en yn St. Jabik Bilkertsk. It Hollânsk hat lykwols gjin ôfbeakene gebiet, mar wurdt langer yn hele Fryslân heard. En oeral wurdt it njonken de eigen taal fan it doarp brûkt.
Mei wat foar meartalige gebieten is Fryslân te ferlykjen? Foarhinne like it wol wat op Switserlân en Kanada, dêr't dúdlike taalgrinzen tusken doarpen rinne. Mar dy ferliking, at er ea al korrekt wie, giet troch de taalkonkurrinsje net mear op.
Liket de Fryske meartaligens dan op dy fan Lúksemburch of Suriname, dêr't suver elkenien ferskillende talen kin en de taalkar fan de gebrûkssitewaasje ôfhinget? Taalkundigen neame sokke meartaligens 'diglossia'. Net sa lang lyn hie de Fryske meartaligens dêr wol wat fan; sa prate elkenien op in doarp Frysk, wylst de measten skreaunen en beaën yn it Hollânsk. Mar dat jildt lang net mear foar elkenien yn Fryslân.
De Fryske meartaligens liket noch it measte op it 'fasiliteitesysteem' yn de Flaamsk-Waalske grinsstreek. Neffens de beruchte 'Wet op de eentaligheid' binne de lânsdielen Flaanderen en Wallonië binne offisjeel ientalich. De taal fan it lânsdiel is de 'matrikstaal', de taal dy't yn prinsipe troch de oerheid en yn it ûnderwiis brûkt wurdt. Der wurdt fan útgongen dat elkenien de matrikstaal leart en him oanpast oan de sprekkers dêrfan. Guon gemeenten by de taalgrins ha in protte ynwenners út de oare Belgyske taalgroep, dy't wat skewield wurde mei 'fasiliteiten', lykas taalleskes op skoalle, twatalige opskriften, loketbeämten dy't besykje om de 'fasiliteitetaal' te ferstean ensfh. De offisjele taal fan in doarp is soms in politike erfenis; it is net altyd de oarspronklike taal of dy mei de measte sprekkers.
Sa is it yn Fryslân ek wat. De Frysktaligen binne fierwei de âldste en de grutste taalgroep yn de provinsje. 55% praat thús Frysk, 28% Hollânsk en de rest wat oars. Doch is de matrikstaal it Hollânsk. It ûnderwiis is hast folslein Hollânsktalich, Frysktalige opskriften komme sawat allinnich op twatalige buordsjes foar. It hele systeem is derop rjochte om Frysktalige bern sa gau mooglik twatalich te krijen, wylst dat foar Hollânsktalige bern perfoarst net it gefal is. Etcetera. Frysktaligen krije sa goed yndruid dat har taal net de matrikstaal is en ferbrekke har dêrtroch gau.
Behannelet de Nederlânske oerheid Fryslân serieus as meartalich gebiet? It wurdt fakernôch sein. Mar at je dan sjogge dat België in ferlykber taalbelied fiert yn in streek dy't se 'ientalich mei fasiliteiten' neame, dan begjinne je doch te tinken.
----------
As en dan
It Frysk, it Hollânsk en it Dútsk binne alle trije ûntstien út deselde oertaal, dy't ik hjir mar eefkes West-Germaansk neame sil. Gjin niget dat dy trije talen in protte oerienkomsten ha. Sa ha se byâlds alle trije twa wurdsjes dy't se nei de meartrime ('vergrotende trap', bygelyks 'grutter') fan in eigenskipswurd brûke. Yn it moderne Frysk, Hollânsk en Dútsk ferskille se in bytsje, mar se lykje noch in soad op ús Fryske 'as' en 'dan'.
Standerttalen binne foar in grut part minsklike bousels, dy't boud binne út allegear fan dy lytse taaltsjes, mar mei in flinke dosis fantasy fan de makkers. Sa ha de makkers fan it Standertnederlânsk derfoar keazen om by in meartrime allinnich mar 'dan' te brûken. It gebrûk fan 'als' waard en wurdt yn dy kontekst noch heeltyd ferkettere. Wêrom oft dat krekt is, sil wol nea oan it ljocht komme, mar miskien hat it der mei te meitsjen dat de makkers fan it Standertnederlânsk ôfstân nimme woenen fan it Dútsk, dêr't 'als' wer gewoaner is as 'denn'. De makkers fan it Standertnederlânsk ha in skoftlang krampich besocht om sjen te litten dat it Hollânsk wat heel oars wie as de grutte buortaal Dútsk.
De bouwers fan it Standertfrysk hienen en ha sokke gefoelens op har bar as se nei it Hollânsk sjogge. Wat âldere taalboekjes skriuwe foar it Frysk ek noch 'dan' yn de meartrime foar, mar de hjoeddeiske taalmakkers kieze ienriedich foar 'as', sûnder twivel mei om de ferskillen mei it Standertnederlânsk sa grut mooglik te meitsjen.
Doch is de kar foar de 'as'-foarmen wat problematysk. Minsken hâlde der nammentlik net fan om twa gelikense wurdsjes efterinoar te brûken. It wurdsje 'denn' by de meartrime is yn it Dútsk meastal wat âlderwetsk of dichterlik, mar alle Dútsers brûke it as it wurdsje dat dernei komt 'als' is, omdat se oars 'als als' sizze moatte soenen. Sjoch it ûndersteande foarbyld:
(1a) Als Sänger kann ich ihn besser leiden denn als Schauspieler. <
(1b) Als Sänger kann ich ihn besser leiden als als Schauspieler. <
Yn it Frysk jildt wat soartgelikens. Jan Dykstra beskriuwt yn syn prachtich boek Op 't aljemint ûnder it kopke 'as' dat Friezen meastal 'as' sizze, mar as se kieze moatte tusken 'as as' en 'dan as', dan kieze se foar it lêste. Dus:
(2a) Hy fertsjinnet as dykwurker mear dan as boere-arbeider. <
(2b) Hy fertsjinnet as dykwurker mear as as boere-arbeider. <
Yn skriftlik Frysk komme je wol faak sinnen mei 'as as' tsjin. Dat sil grif foar in part syn oarsaak ha yn it te otterdoks tapassen fan regeltsjes dy't ûntwurpen binne om it Standertfrysk fan it Hollânsk te ferfrjemdzjen, mar dy't net altyd rekken hâlde mei it oerlevere taalgebrûk.
----------
Famyljesaken
In protte wurden dy't mei de famylje te krijen ha, binne sa stadichoan yn it ferjittersboek rekke. Diskear wol ik dêr ris in stikmannich fan by de kop pakke. Lit my mar ris begjinne mei it wurd 'sibbe', dat 'famylje' bestjut. Je komme it inkeldris noch tsjin yn it wurd 'sibbekunde', it sykjen fan de eigen foarfaars.
Dy foarfaars hite ek wol foarâlden of âldfaars. Aldfaars dy't noch aardich deun by binne, binne pake en beppe, of ek wol oarreheit en oarremem. Dy kinne ek beide gewoan 'oarre' neamd wurde. Harren âlden binne oars foar ús 'oarrepake' en 'oarrebeppe'. Foar dy âlde minsken binne wy de 'oarrepakesizzers' en 'oarrebeppesizzers'. Hjoed de dei is yn it grutste part fan Fryslân 'oerpakesizzers' en 'oerbeppesizzers' miskien gebrûkliker. Wy hienen it eartiids thús oer 'âlde pake' en 'âlde beppe' en dy namme foar de oergrutâlden haw ik ek fan oaren wol heard.
Foar 'heit' waard byâlds ek wol 'taa' of 'tea' sein. Op Skylge komt dy namme foar de heit noch wol foar en ek yn it Noardfrysk wurdt heit 'taatje' of 'tête' neamd. It Ingelske 'dad' is der ek oan besibbe. It 'faar' út 'âldfaar' is ek in âld wurd foar 'heit'. It is besibbe oan it Hollânske 'vader' en it Dútske 'Vater' en libbet yn Hylpen noch troch as 'fear'. Yn it Frysk fan it Sealterlân hyt heit 'babe' en dat liket fansels wer op 'papa'.
Jins eigen bern binne in dochter en in soan. Yn de gewoane omgongstaal ha wy it lykwols mear oer 'ús jonge' en 'ús famke'. Binne dy sels wer oan it bernkrijen ta, dan krije wy pake- en beppesizzers of ek wol 'bernsbern'. Dy har neiteam binne ús 'bernsbernsbern' enshf. En as jins broer trout, dan is syn frou jins 'skoansuster' of 'snoar'. Dat lêste wurd waard ek wol brûkt foar it frommeske dat jins soan oan 'e heak slein hie. En om mar eefkes by it bernkrijen te bliuwen, as jins suster bern krijt, dan binne dat jins sustersbern.
Wat fierder fuort ha wy de 'miich', hjoed de dei in nochal literêr wurd foar in kammeraat, mar oarspronklik in 'neef' of 'nicht' (âlder Frysk ek wol 'nift'). De âldelju fan sa'n ien binne jins omke en muoike en as dy Jan en Tryntsje hite, dan koe men se oant net sa lang lyn oansprekke mei 'Janom' en 'Tryntsjemuoi'. Yn it Noardfrysk wurdt 'muoike Trine' wol 'Trinemader' neamd.
Geane wy noch wat fierder fuort, dan komme wy by ús 'trutling' of 'eftertrutling'. Dat kinne achterneven, achternichten of bernsbernsbern wêze. Der moat ek noch soks west ha as in 'eftersus(ter)ling', miskien ek in wurd foar 'bernsbernsbern', de krekte betsjutting is net bekend.
By eintsjebesluten it aldernijste Frysk. 'Tante' foar 'muoike' is al lang ynboargere, mar it is te hoopjen dat wy de opkringende 'lytsbern' noch in skoftsje bûten de doar hâlde kinne. En de dragers fan de earetitels omke- en tantesizzers ha gjin rjocht op de namme 'neef' en 'nicht'.
----------
De appelsop
It Hollânsk hat in soad wurden dy't wol aardich op Fryske wurden lykje en ek noch itselde betsjutte. Tink mar oan 'boek', 'schip', 'man', 'vrouw' en noch gâns, gâns mear. Meastentiids ha dy Hollânske wurden ek itselde lidwurd as de Fryske oersettingen: 'het boek', 'het schip', 'de man', 'de vrouw'. Der binne lykwols in stikmannich útsûnderingen, Hollânske wurden dy't lykje op Fryske, deselde betsjutting ha, mar foar ús gefoel it ferkearde lidwurd krije. Sa sizze se yn Hollân 'de schouder', 'de enkel' en 'de boodschap', wylst wy yn Fryslân prate fan 'it skouder', 'it ankel' en 'it boadskip'.
Guon Friezen reitsje lykwols wolris yn 'e war en brûke by Fryske wurden mei sa'n Hollânsk twillingbruorke it Hollânske lidwurd. Dyen kin men bygelyks 'de ankel' of 'de boadskip' ôfheine. It is dan ek net sa ferskuorrende nuver dat de taallearboekjes in protte omtinken jouwe oan it fermijen fan sokke hollannismen. Terjochte wize leararen harren learlingen derop dat se derom tinke moatte dat 'skouder', 'ankel' en 'boadskip' byâlds it lidwurd 'it' meikrije.
Soms binne dy leararen lykwols wat al te bang foar Hollânske ynslûpsels en meitsje se harren regels te strang. Dat fernaam ik okkerdeis doe't ik in tekst fan in korrektor weromkrige. Hy hie yn de neikommende sin it lidwurd oanpast: "De appelsop, asjeblyft!" Yn it ferhaal waard dy sin útsprutsen troch in ober dy't in klant syn bestelling oerlanget. De korrektor hat fansels gelyk dat 'appelsop' normaalwei it lidwurd 'it' krijt. Under ynfloed fan it Hollânsk binne der grif party Fryskpraters dy't it oer 'de appelsop' ha en it is goed om sokken te korrizjearjen. Doch is de wiziging fan de korrektor yn dit gefal net terjochte. Sjoch mar ris nei de neikommende sinnen:
(1) It spek is wer djurder wurden.
(2) Wy bewarje de hjerringen yn it sâlt.
(3) Wol heit my de spek eefkes oerjaan?
(4) Wêr stiet de sâlt? O dêre!
Sin (1) en (2) litte sjen dat 'fleis' en 'sâlt' ornaris it lidwurd 'it' krije. Wannear't se lykwols ferwize nei in konkreet gerjocht, yngrediïnt of diel fan 'e iterstafel, kinne se faak ek it lidwurd 'de' krije. Sin (3) en (4) litte dat sjen. Der wurdt yn dy sinnen net mear sa lyk nei de stoffen 'fleis' en 'sâlt' ferwiisd, mar nei 'fleis' en 'sâlt' as taastbere kulinêre begripen. Je soenen der yn gedachten 'de plakjes spek' en 'de sâltstruier' foar yn it plak sette kinne.
Itselde gebrûk fine wy by de boppeneamde sin út it boek. 'Appelsop' is dêr de kombinaasje fan it drankje en it glês, en as sadanich in taastber elemint fan it miel. Yn sa'n gefal it 'de appelsop' heel gewoan.
De boppeneamde korrektor is nei alle gedachten sa bang om in hollannisme stean te litten dat er net mear op syn eigen oardiel ôfgiet en 'de sop' rigoereus ôfkart, ek as it folksriem is.
----------
Skriuwendewei
It is yn it Frysk heel gebrûklik om in fuortsettend mulwurd (tegenwoordig deelwoord) dat as bywurd brûkt wurdt, de útgong -ewei te jaan. Sjoch it ûndersteande foarbyld:
(1) It eilân is te grut om rinnendewei te dwaan.
(2) Al pratendewei kamen wy derefter dat wy mienskiplike kunde hienen.
(3) Hy seach har kôgjendewei eefkes oan.
Yn de buortalen is dy konstruksje folle minder gebrûklik as by ús. It Grinzer wurdboek jout oan dat de mooglikheid bestiet, mar in Grinzer dy't ik frege ha, sei dat er net folle mear brûkt waard. Op Tessel skynt er oars noch wol folksriem te wêzen